Skip to main content Skip to page footer

Promoasje histoarikus Mark Raat (Ryksuniversiteit Grins)

Mark Raat (Medemblik, 1988) dûkte foar syn promoasjeûndersyk yn de skiednis fan de politike beslútfoarming oer de ynrjochting en it brûken fan de wetterrike Lege Midden fan de provinsje Fryslân.

Neist ynsichten oer de regionale histoarje smyt it ûndersyk ek ljocht op de foarskiednis fan de moderne lânbou yn Nederlân. Op 15 oktober ferdigenet Mark Raat syn proefskrift oan de Ryksuniversiteit Grins. De seremoanje om 14:30 oere is online te folgjen fia de website fan de RuG. 

Lês ek it nijsberjocht oer it ûndersyk fan Mark Raat.