Skip to main content Skip to page footer

Plurilingmedia. Foaroan links: Odille Reitsma. Achteroan tredde fan links: Jelske Dijkstra.

AI en minderheidstalen: Mercator late PLURILINGMEDIA-workshop by Universiteit fan Malta

Yn oktober 2026 hold COST Action PLURILINGMEDIA op de universiteit fan Malta in workshop oer AI en regionale en minderheidstalen, mei-organisearre troch Jelske Dijkstra en Odille Reitsma van it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen.

De workshop oer AI en regionale en minderheidstalen brocht 21 dielnimmers byinoar, wêrûnder leden fan de ad-hockommisje foar AI fan PLURILINGMEDIA en fertsjintwurdigers fan de kearngroep fan PLURILINGMEDIA, lykas fan NPLD en MIDAS. 

De diskusjes rjochten har op de kânsen en útdagingen dy’t keunstmjittige yntelliginsje mei him meibringt foar regionale en minderheidstalen, benammen yn media dy’t yn minderheidstalen ferskine. De dielnimmers ûndersochten hoe’t AI besteande taalkundige ûngelikens fersterkje kin, mar ek hoe’t it lytsere taalmienskippen stypje kinne soe troch oersetting, transkripsje en de produksje fan ynhâld. 

By de workshop waard ek yngien op de relevânsje fan besteande ramten foar taalbelied, wêrûnder it Europeesk Hânfêst foar regionale of minderheidstalen, en hoe’t dy ynspylje kinne op ûntwikkelings op it mêd fan AI. De workshop bea de gelegenheid om stânpunten út te wikseljen oer ûndersyk, belied en praktyk, en om ûnderwerpen te identifisearjen foar fierdere diskusje en gearwurking binnen PLURILINGMEDIA.

Oer PLURILINGMEDIA

PLURILINGMEDIA is in COST Action programma, in troch de EU finansiere netwurk fan ûndersikers út hiel Europa. De misje is om gearwurking te befoarderjen yn ûndersyk nei media yn minderheids- en regionale talen. PLURILINGMEDIA wol de kleau tusken de akademyske wrâld en de mediapraktyk oerbrêgje troch ynterdissiplinêre dialooch en de kennisútwikseling te stimulearjen.

PLURILINGMEDIA, begûn yn oktober 2024, bringt ûndersikers, minsken út de praktyk en beliedsmakkers byinoar om it ûndersyk nei media yn Europeeske regionale en minderheidstalen te fersterkjen en te befoarderjen. Troch ynterdissiplinêre dialooch, gearwurking en kennisútwikseling te befoarderjen, stipet it netwurk in libbendiger, ynklusiver en meartalich Europeesk medialânskip.

It projekt hat fjouwer wurkgroepen:

WG 1. Gewoanten fan publyk en programmamakkers

Onderzoekt de gewoonten van publiek en de praktijk voor de kreäasje fan programma’s / content binnen de kontekst fan mediapluriformiteit en minderheidstalen.

WG 2. Wetjouwing en konvinsjes

Undersiket hoe't wetten en konvinsjes fan ynfloed binne op minderheids - en regionale talen yn de media.  

WG 3. Taalfitaliteit

Undersiket hoe't media yn minderheidstalen de taalfitaliteit stypje mei edukaasje, refitalisearring en deistich gebrûk.

WG 4. Sjoernalistyk

WG 4 is rjochte op op sjoernalisten yn minderheidstalen en harren útdagingen en bout in netwurk op fan ûndersikers en professionals yn it fakgebiet.

Ut namme fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, binne Jelske Dijkstra, Odille Reitsma en Ydwine Scarse belutsen by de PLURILINGMEDIA-wurkgroepen 2 en 3. Jelske Dijkstra is foarsitter fan in spesjale ad-hoc AI-kommisje.

PLURILINGMEDIA stribbet nei…
 

- It fersterkjen fan kennis: Wy bringe belanghawwenden gear om publyksgewoanten, wetjouwing, taalfitaliteit en sjoernalistyk te ûndersykjen.

- It oanpassen oan nije trends: Wy ferlykje hoe’t media har oanpasse oan feroarjende konsumpsje - en trends foar content fan ferskillende generaasjes, mei in fokus op AI-ûntwikkelingen.

- It stal jaan fan mediawetjouwing: Wy diele ekspertize oer ynternasjonale en nasjonale mediawetten en beljochtsje lakunes yn juridyske ynstruminten foar de beskerming fan taalferskaat.

- It ferbinen fan saakkundigen en minsken út de praktyk: Wy befoarderje de gearwurking tusken akademisy en mediaprofessionals om it ferbân tusken taalfitaliteit en media-oanwêzigens te begripen.

- It stypjen fan de sjoernalistyk: Wy biede in foarum foar sjoernalisten en akademisy om it te hawwen oer de balâns tusken de deistige praktyk fan de sjoernalistyk en it behâld fan taalferskaat.

Mear ynformaasje

Sjoch op de website fan PLURILINGMEDIA.