Nije rige Akademylêzingen: Fan de grot fan Plato nei 'Brave New World'
De Akademylêzingen is in rige fan seis publykslêzingen yn trije dagen, ferspraat oer it winterskoft, yn Ljouwert en op 'e Jouwer, organisearret troch de wurkgroep Akademylêzingen.
De rige lêzingen wurdt op twa plakken hâlden op deselde dei: yn De Koperen Tún yn Ljouwert en yn It Haske op 'e Jouwer. De ûnderwerpen binne aktuele, edukative, wittenskiplike en algemien-maatskiplike tema's, dêr't sprekkers op eigen wize ynfolling oan jaan kinne.
Programma 2026-2027
De Akademylêzingen yn seizoen 2026/2027 binne op freed 13 novimber 2026, tiisdei 26 jannewaris 2027 en freed 19 maart 2027. De earste lêzing fan de dei is moarns fan 10:00-12:00 oere, de twadde lêzing fan 13:30-15:30 oere. In ticket à €30,- foar de Akademylêzingen jout tagong ta seis lêzingen op trije dagen, yn Ljouwert OF op 'e Jouwer. It is net mooglik om foar in inkelde lêzing in kaart te keapjen.
Klik hjir foar TICKETS LJOUWERT >>>
Klik hjir foar TICKETS DE JOUWER >>>
De sprekkers op freed 13 novimber:
Dr. Jacob Klimstra - 'Boek René van Stipriaan - Ofskie fan it âlde Nederlân: is ús demokrasy noch te rêden?’
De lêste 25 jier is der in protte feroare yn de wrâld en foaral ek yn Nederlân. De eardere maatskiplike ferbannen binne stadichoan weiwurden. Tsjerkegong is net mear de noarm, ferieningen ferlieze harren leden, doarpsmien-skippen ferdwine en de minske is al mar mear op himsels. Troch it ferdwinen fan mienskiplike wearden fiele minsken har as in ienling, oerlevere oan in wrede wrâld dêr’t it rjocht fan de sterkste jildt. De rike elite of de asylsikers krije de skuld dat it allegearre minder en djoerder wurdt. De bot ferdielde polityk slagget der net yn om de ûntsteane misstannen glêd te striken. Sa ûntstiet de basis foar populisme, foar roppers en razers, foar diktators yn spee. De sosjale media soargje dat propaganda meitsjen hiel maklik is. De echte wierheid is faak net mear te finen. Wy sitte ekonomysk sa betize yn de wrâld om ús hinne dat wy wat dat oanbelanget it stjoer kwyt rekke binne. Van Stipriaan hat soargen: wy moatte omstean, want as it sa trochgiet komt it net klear. Van Stipriaan tinkt dat wy al yn Brave New World fan Aldous Huxley belâne binne. Ek dat sil yn de lêzing oan de oarder komme. It boadskip fan Van Stipriaan is troch my aktualisearre mei de útslach fan de ferkiezingen. Oare oanfollingen komme fan ynformaasje fan de skriuwers Arnaud Orain (‘De eindigheid van de wereld’), Roxane van Iperen (‘Eigen planeet eerst’) en Ilja Leonard Pfeijffer (‘Absolute Democratie’).
Ds. J. Vonk - ‘Socrates en Plato. Vroedvrouw en grotbewoner’
Jelle Vonk studeerde theologie in Kampen, Amsterdam en Nijmegen; Filosofie in Amsterdam en Culturele antropologie in Santiago de Chile. Hij was 5 jaar predikant op Texel, 20 jaar geestelijk verzorger in de verpleeg- en ouderenzorg, 4 jaar predikant in Blokzijl. Sinds 2022 predikant in Jutrijp- Hommerts.
Wat is filosofie? Waar stond haar wieg? Wie waren de filosofen die de Europese Geest aan het denken hebben gezet? In deze lezing beginnen we bij het ‘begin:’ Socrates, de horzel, op zoek naar helderheid in begrip en zijn leerling Plato, die meende dat wij grotbewoners zijn. Enkel filosofen zijn in staat om licht in het donker te laten schijnen. Twee filosofen die beschouwd worden de aartsvaders van de filosofen te zijn. Kort schetsen we de culturele, politiek-economische, religieuze context. Ook een filosoof leeft in een bepaalde tijd en context die zijn/haar denken in grote mate bepaald. Tot slot vragen we ons af: hebben ze ons vandaag de dag nog iets te zeggen. Anders gezegd: geven ze ook ons te denken?
Sjoch foar de oare sprekkers en in gearfetting fan de lêzingen by Wurkgroep Akademylezingen.