Skip to main content Skip to page footer

'Redbad: de legindaryske kening', Fan 5 septimber 2026 o/m 7 febrewaris 2027 te sjen yn it Fries Museum yn Ljouwert

Aldste beskriuwing Walhalla yn tekst oer Fryske kening Redbad

Wiidweidich wittenskiplik ûndersyk nei de iermidsiuwske Fryske kening Redbad, útfierd yn it ramt fan it grutskalige tentoanstellingsprojekt REDBAD, leveret in opfallende konklúzje op: de gouden hal dêr't kening Redbad oer dreamt, te lêzen yn de 8e-iuwske Latynske tekst 'Vita Wulframni', is in beskriuwing fan it Walhalla. Dêrmei is dat - oer de hiele wrâld - mooglik de âldst bekende, tekstuele ferwizing nei it mytyske hjirneimels.

De ûnderbouwing fan dizze konklúzje is te finen yn it haadstik 'Sacral Kingship: A Song of Redbad and Woden', yn de nije, noch te ferskinen wittenskiplike bondel Redbad, King of the Frisians: New Perspectives on Kingship in Early Medieval Frisia and the Development of a Coastal Identity. Undersikers Han Nijdam, Ewoud van Aalst, Petter Jensen, Arjan Sterken en Hilbert Vinkenoog betogen dat it ferhaal oer kening Redbads mislearre doop en syn dreamfizjoen yn Vita Wulframni, de resten bewarje fan in ‘Lied fan Redbad en Woden’, nei alle gedachten ôfkomstich út East-Fryslân. Oant no ta datearre de âldst bekende beskriuwing fan it Walhalla, neffens de Noardske mytology in himel foar striders, út de njoggende iuw.

Stjerbêdfizjoen

Aldfrisist en histoarysk-antropolooch Han Nijdam fan de Fryske Akademy fûn yn de Latynske tekst ferskate oanwizingen dat de makker foarkristlik Frysk ferheljend materiaal opnommen en werwurke hat, dat oannimlik ôflaat is fan in mûnling oerlevere liet of heldeferhaal dêr't kening Redbad en de god Woden sintraal yn stiene. 

It giet oer hoe't de âlde en sike kening Redbad twivelet oft er him dope litte sil, yn in tiid wêryn't it kristendom yn Frisia terrein wint op it foarkristlike leauwe. Yn Redbads dream ferskynt syn god Woden, dy't him oantrunet om syn leauwe net op te jaan en him in skitterjend hjirneimels taseit. Nijdam en syn kollega's tinke dat it liet ôfkomstich is út East-Fryslân, dat doe noch net ferovere wie troch de Franken. 

De oanwizingen smite ek nij ljocht op it bekendste Redbad-ferhaal: de leginde dêr't de kening de foet yn weromlûkt út it doopfont. Yn Vita Wulframni, de kristlike kleure libbensbeskriuwing fan de hillige Wulfram, folget it haadstik oer Redbads dream nei it haadstik oer de mislearre doop, en dat liket net logysk. Han Nijdam: "As we de twa haadstikken yn de Vita Wulframni sjogge as de kristlike ferzje fan in oarspronklik liet oer Redbad en Woden, dan falt alles op syn plak. Yn it oarspronklike liet, dat yn de twadde helte fan de achtste iuw de rûnte die yn it noch ûnkrystlike diel fan Frisia, komt earst de dream oer Woden en pas dêrnei it ferhaal oer de mislearre doop. Redbad wist dan al wat Woden him nei syn dea yn it foarútsjoch steld hie, en koe mei fertrouwen syn foet út it doopfont weromlûke." 

Undersikers Hilbert Vinkenoog en Petter Jensen fergelike it rekonstruearre liet mei Aldfryske poëtyske boarnen dêr't dreamen, Woden (Odin) en Walhalla in rol yn spylje. Dy ferliking fersterket it byld dat it Fryske ferhaal oer Redbad en Woden oanslút by in bredere, dielde Noardske tradysje om sokke stjerbêdfizjoenen hinne.

Keningskip

Neist de ûntdekking om Walhalla hinne, tekenet it ûndersyk in nuansearre byld fan it Fryske keningskip. Wêr't Redbad trochstrings út kristlik-Frankysk perspektyf bestudearre is, is dit ûndersyk no foar it earst út komparatyf Germaansk perspektyf útfierd, mei it gebrûk meitsjen fan boarnen út ûnder oaren Skandinavië. Dêr docht út bliken dat Redbad optrede as in sakrale kening, dy't foargie yn rituelen en offers. Ek blykt it Fryske ryk, dat him op syn hichtepunt útstrekte fan de Belgyske kust oant Denemarken en oant yn it rivieregebiet by Utert, bestean te hawwen út in netwurk fan regionale lieders dy't Redbad as oerkening erkenden. Mei-inoar foarmen hja in macht dêr't de Franken ek rekken mei hâlde moasten. 

Dizze ynsichten foarmje mei de basis foar de tentoanstelling Redbad: de legindaryske kening, dy't de kening Redbad delset as oerkening fan Frisia, ynklusyf in Walhalla-sêne dy't yn de lêste seal fan de tentoanstelling sintraal stiet. Undersikers wize derop dat ditsoarte ynsichten oer Fryslâns ierste skiednis relatyf let nei boppen komt, mei omdat der oer dizze iermidsiuwske perioade net folle skreaune boarnen bewarre bleaun binne. Troch ynternasjonale gearwurking en digitalisearring fan boarnen dy't der al binne, besiket it ûndersyksteam de efterstân no aktyf yn te heljen.

Publikaasje en tagong

De open access ferzje fan it Ingelsktalige boek Redbad, King of the Frisians: New Perspectives on Kingship in Early Medieval Frisia and the Development of a Coastal Identity ferskynt yn febrewaris 2027 en is dan fergees online beskikber. Wa't de foarkar jout oan in fysyk eksimplaar, kin tsjin dy tiid gebrûk meitsje fan print-on-demand fia Brepols Publishers

Oer Projekt REDBAD

It Europeeske subsydzjeprogramma ‘Interreg VI Deutschland-Nederland’ hat twa miljoen euro frijmakke foar de realisaasje fan it tentoanstellingsprojekt REDBAD. Yn grutskalige útstallings yn Ljouwert en Emden (Dútslân), edukaasjeprogramma’s yn beide lannen, in wittenskiplike publikaasje, in publyksboek en in role playing game ‘Mythwatch: The Age of Redbad, stiet de midsiuwske Fryske kening Redbad sintraal. Mei-finansiers binne de provinsjes Fryslân en Grinslân en de Niedersächsische Staatskanzlei.

De Fryske Akademy koördinearret de wittenskiplike bondel, dy't útbrocht wurde sil by Brepols Publishers. Oare partners yn it REDBAD-projekt binne, neist it Fries Museum, ek Ostfriesisches Landesmuseum Emden, Ostfriesische Landschaft, Learning Hub Friesland, Onderwijsinstelling Firda, Niedersächsisches Institut für historische Küstenforschung, Stichting Mythemakers en Rijksuniversiteit Groningen.

De tentoanstelling 'REDBAD: de legindaryske kening' yn it Fries Museum yn Ljouwert wurdt in fisueel spektakel: op sneon 5 septimber is de iepening foar it grutte publyk. Hâld de website fan it Fries Museum yn 'e gaten foar mear ynformaasje. De tentoanstelling is te sjen oant en mei 7 febrewaris 2027, dêrnei reizget it troch nei it Ostfriesisches Landesmuseum Emden.