Alle hens op 't dek! It libben oan board fan de Fryske skipfeart
Fryske skipfeart
Yn de 17de- en 18de iuw wiene de Friezen manmachtich belutsen by de frachtfeart oer see. Hja bouden fierder op it hannelsnetwurk dat sûnt de midsiuwen it Noard- en Eastseegebiet ferbûn mei de Europeeske Atlantyske kusten en de Mediterrane havens. Fryske frachtfarders ûntwikkelen har ta spesjalisten yn it transport fan bulkguod, libbensmiddels en grûnstoffen. Nei’t om 1580 hinne in faze fan langduorjende groei ynset wie, namen Fryske frachtfarders yn de 17de- en 18de-iuw tusken de 40% en 55% fan de Eastseefeart út de Republyk foar harren rekken. It makke fan de Fryske frachtfeart in grutte lokale wurkjouwer dy't folle fierder rikte as allinnich de maritime sektor.
De tanimmende fraach nei traan joech fan de iere 17de-iuw ôf ympulsen oan de walfiskfeart. Dy rjochte him earst op Spitsbergen en letter op Grienlân oant om 1750 hinne de sektor yn ferfal rekke. Underskat en ek diels ûnbekend is it belang fan de binnenfeart dy't, faak ferbûn mei rûtes oer de Sudersee nei Hollân en Noard-Dútslân, in wichtige sektor útmakke. Benammen de turfgraverij soarge foar in libbene feart op de ôfsetmerken yn Hollân.
It deistige libben oan board
De ôfrûne twa desennia is der in soad omtinken jûn oan de rûtes, guod en it belang fan de Fryske havens. Dit sympoasium rjochtet him op it deistich libben oan board en oan de wâl fan de skippers en harren bemanningen. Fragen dy't oan bar komme geane bygelyks oer de organisaasje oan board, de gearstalling fan de faak ynternasjonale bemanningen, ûnderlinge hiërargy en de risiko's op see útienrinnend fan averij en skipbrek ta kaping en finzenskip.
Egodokuminten, skipsjournalen en boekhâldingen biede ynsjoch yn persoanlike ûnderfiningen, oanmeunstering, oarder, navigaasjetechniken of yn de leanen en kosten fan libbensûnderhâld. Ut de archeology wei kinne dêr fragen oer materiële kultuer oan keppele wurde. Sa ûntstiet der mear ynsjoch yn de ynrjochting en it brûken fan it skip en de objekten dy't troch de hannen fan de bemanning giene. Wêr nedich wurdt de blik ferbrede oant de skipfeart yn Republyk.
Programma
De organisaasje hat wer in moai ferskaat oan lêzings programmearre:
- Rein de Lange, "Aanmonsteren op de Bataafse vloot in Harlingen (1797-1808)"
- Wouter Waldus, "Leven aan boord van turfschepen, een archeologische benadering"
- Geke Burgers, "Leven aan boord van een koopvaarder omstreeks 1600"
- Jurjen Leinenga, "Het dagelijks leven van een walvisvaarder (17de-19de eeuw)"
- Hanno Brand, “Friese Prize Papers over het leven aan boord aan het einde van de 18de eeuw”
It evenemint is tagelyk it ôfskied fan Hanno Brand as ûndersiker by de Fryske Akademy, hy sil mei pensjoen.
Kaartferkeap
De yntree fan it sympoasium bedraacht €20,- per persoan, ynklusyf lunsj en kofje/tee. Jo kinne online, fia ús ticketshop, kaarten keapje. It is net mooglik om by de yntree in kaart te keapjen.