Skip to main content Skip to page footer

Archeologysk Wurkferbân

Archeologysk Wurkferbân by Boaiemfynstedei yn IIstidemuseum Bûtenpost

Hast wolris in (pot)diggel, munt, fossyl of in artefakt fûn? Op sneon 14 juny fan 10.00 oant 16.00 oere kinst dêrmei terjochte by de eksperts fan de Bodemvondstendag, organisearre troch it IIstidemuseum op it terrein fan De Kruidhof yn Bûtenpost. In ôffurdiging fan ús Archeologysk Wurkferbân is dizze dei ek oanwêzich. It Archeologysk Wurkferbân wol amateurarcheologen yn Fryslân byinoar bringe en besiket om it âldheidkundich ûndersyk yn 'e provinsje te stypjen.

Komst ek del my dyn eigen fynsten? Foar de Bodemvondstendag jildt in redusearre taryf fan €5, - foar folwoeksenen en €2, - foar bern fan 4–12 jier. Ek alle tunen fan De Kruidhof binne foar dizze priis frij tagonklik.

Archeologysk Wurkferbân

Troch it organisearjen fan lêzingen, kursussen, praktysk wurk en ekskurzjes besiket it Archeologysk Wurkferbân om de kennis fan 'e leden oangeande de archeology te fergrutsjen. Soks kin bydrage ta it sinfoller omgean mei de leafhawwerij. In oansprekkende aktiviteit is fierders dat leden dielnimme kinne oan opgravings fan foechhawwende ynstânsjes.

Aktiviteiten

De eigen aktiviteiten fan it seizoen 2025-2026, foar yn it bûsboekje:

- Ekskurzje: sneon 06-09-2025 (nei Frjentsjer)
- Lêzing: tiisdei 07-10-2025
- Lêzing: tongersdei 27-11-2025
- Lêzing: tiisdei 03-02-2026
- Lêzing: tongersdei 16-04-2026

Mear ynformaasje oer dizze aktiviteiten folget noch.

Elkenien dy't stiper is fan de Fryske Akademy kin fergees lid wurde fan in wurkferbân. Binne jo al stiper fan de Fryske Akademy?  Foar €25,- it jier helpe jo al mei om wittenskiplik ûndersyk nei Fryske taal, kultuer en skiednis mooglik te meitsjen en krije jo it ledeblêd Ut de Smidte thús.