Skip to main content Skip to page footer

Pommelkap. Foto: Sander Visser

Archeologysk Wurkferbân oer Fikingswurdfragmint

It bestjoer fan it Archeologysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy nûget jo út foar in gearkomste op tongersdei 17 april 2025, de jûns om 19.45 oere yn it Kafee fan Tresoar, Boterhoek 1 yn Ljouwert. Prof. dr Nelleke IJssennagger-van der Pluijm is ek útnûge en sil fertelle oer de fynst fan in fragmint fan in Fikingswurd út de tsiende iuw, ûntdutsen yn ’e omkriten fan Wytmarsum. 

Archeologyleafhawwer Sander Visser fan Lelystêd die de fynst op 3 maaie 2024 op in ikker. Doe't syn detektor in heech, helder lûd makke, sette er de skeppe yn it greidlân en op noch gjin tweintich sintimeter djipte, krekt ûnder it gers, fûn er it objekt. Visser hie fuortdaliks troch dat it in part fan in pommel wie en dat dit fanwegen de dekoraasje bysûnder wie. Visser sil dizze jûn ek oanwêzich wêze en fertelle oer syn fynst.

Elkenien is wolkom, de tagong is fergees. 

Oer it Archeologysk Wurkferbân

It Archeologysk Wurkferbân, oprjochte yn 1983, wol amateurarcheologen yn Fryslân byinoar bringe. Mei in ferskaat oan aktiviteiten wurdt besocht om it âldheidkundich ûndersyk yn ‘e provinsje te stypjen. Troch it organisearjen fan lêzingen, kursussen, praktysk wurk en ekskurzjes wurdt besocht om de kennis fan ‘e leden oangeande de archeology te fergrutsjen. Soks kin bydrage ta it sinfoller omgean mei de leafhawwerij. In oansprekkende aktiviteit is fierders dat leden dielnimme kinne oan opgravings fan foechhawwende ynstânsjes. 

De lêzingen fan it Archeologysk Wurkferbân binne foar elkenien fergees tagonklik. Wolle jo jo oanslute by it Archeologysk Wurkferbân, dat kin fansels ek: elkenien dy’t stiper is fan de Fryske Akademy (€25,- yn ’t jier) kin ek lid wurde fan ien fan de wurkferbannen.