Skip to main content Skip to page footer

Boekpresintaasje 'Middelnederlandse oorkonden uit Friesland (tot 1501)'

Gastûndersiker Oebele Vries fan de Fryske Akademy hat in boek gearstald fan midsiuwske oarkonden út Fryslân.

It boek ‘Middelnederlandse oorkonden uit Friesland (tot 1501)’ ferskynt by útjouwerij Noordboek. Dr. Oebele Vries sil it boek op tongersdei 10 july oanbiede oan syn âld-studint Anne Tjerk Popkema, dy't lykas Vries in grutte passy hat foar Aldfryske oarkonden en it Aldfrysk. Vries sil it boek nei syn gastkolleezje oan 35 ynternasjonale studinten fan de Old Frisian Summer School presintearje en oanbiede oan Popkema.

Oarkonden

Midsiuwske oarkonden jilde as in wichtige boarne foar histoarysk en taalkundich ûndersyk. Foar Fryslân is de oandacht oant no ta benammen útgien nei de Frysktalige oarkonden. De teksten hjirfan binne al earder, ûnder de titel ‘Aldfries(ch)e Oorkonden’, útjûn yn fjouwer kloeke dielen en in wat beskiedener supplemintdiel. De Nederlânsktalige oarkonden út Fryslân binne folle minder machtich, alteast oant it begjin fan de sechstjinde iuw. Yn dizze útjefte binne de teksten fan dizze Middelnederlânske oarkonden út de hjoeddeistige provinsje Fryslân – mei ynbegryp fan Stellingwerf – oant en mei it jier 1500 te finen. De measten komme út de argiven fan de talrike kleasters dy't it letmidsiuwske Fryslân telde. 

Dizze útjefte is bewurke troch Oebele Vries. Fan syn hân ferskynden fierder ûnder oaren ‘Ferdban. Oudfriese oorkonden en hun verhaal’ en ‘Asega, is het dingtijd?’

It boek is foar €29,90 te keap by ferskate (online) boekhannels.