Doch mei oan de enkête nei de geuren fan Fryslân!
Lansearring Een Neus voor Erfgoed
Op 24 maart 2026 hie de geurrike lansearring fan it ûndersyksprojekt Een Neus voor Erfgoed, in gearwurking tusken KNAW Humanities Cluster (Meertens Instituut en NL-Lab), Fryske Akademy en IFF (International Flavors & Fragrances) plak by Museum Joure. Op de bakermat fan Douwe Egberts fertelden ferskillende ûndersikers, deputearre Eke Folkerts fan Provinsje Fryslân en direkteur Iris Nutma fan Museum Joure oer it belang fan geur foar it fêstlizzen fan erfgoed.
Oanslutend krigen de tsientallen noasgjirrigen de kâns om mei te gean op in geurkuier (smell walk) of oan te skowen oan de geurtafel om oantinkens oan spesike geuren te dielen. En by in besite oan De Jouwer ûntkomst der fansels net oan om kofje te rûken én te priuwen.