Skip to main content Skip to page footer

Sietske Poepjes (foto: Klaas Pot), Flip van Doorn (foto: Arie Bruinsma), Piter Wilkens (foto: Niels Westra).

Fedde Schurerlêzing 2024: De Friezen en har ferhalen

Op sneon 16 novimber wurdt yn Tresoar de fyftjinde Fedde Schurerlêzing holden, organisearre troch de Ried fan de Fryske Beweging, yn gearwurking mei Tresoar, Fryske Akademy en de Ljouwerter Krante. Flip van Doorn en Sietske Poepjes jouwe beide in lêzing oer it tema De Friezen en har ferhalen: de ivige paradoks. Piter Wilkens fersoarget it muzikaal yntermezzo.

It programma set om 14:30 oere útein (ynrin fan 14:00 oere ôf) en duorret oant 15:30 oere. Dêrnei binne jo wolkom by de neisit, oant 16:45 oere. De tagong is fergees, mar oanmelde is needsaaklik en kin fia dit oanmeldformulier.

De Friezen en har ferhalen: de ivige paradoks.

Yn syn libben en syn wurk mijde Fedde Schurer de paradoks net. Sterker noch: dizze dichtsjende politikus, aktivistyske pasifist en yntellektueel fan beskieden komôf ferienige frijwat utersten yn him. Dat lêste hat er mien mei Fryslân, de provinsje dêr't er berne waard en dêr't er foar op de barrikaden gie. Dat makket nijsgjirrich nei de wize wêrop't Fedde Schurer sjoen hawwe soe nei de Friezen fan hjoed en de opjeften dêr't sy foar steane.

Flip van Doorn (Zeist, 1967) is skriuwer en sjoernalist. Stof foar syn ferhalen fynt er op it snijflak fan reizgjen, kultuer en skiednis. Yn syn suksesfolle boek De Friezen leit hy de ferbining tusken de hjoeddeiske provinsje Fryslân, dêr't hy wennet, de ferhalen fan syn Fryske pake en de skiednis fan syn heitelân. Flip van Doorn stelt dat Fedde Schurer in man fan utersten wie. Hy ferienige yn himsels tsjinstellingen. Hy wie èn èn. Us tiid freget it tsjinoerstelde fan ús. Stânpunten en identiteiten binne swart-wyt. Do bist folslein fóár of krekt der poer op tsjin. Foaral yn debatten oangeande konflikten yn it Midden-Easten, genderidentiteit of it miljeu liket gjin middenwei mooglik. Hoe ferhâlde dizze karliven fan gedachten him ta de Fryske identiteit? Lit de Fries him meislepe yn wispeltuerich snowflake gedrach of nimme de Friezen in oare ôfslach?

Sietske Poepjes (Harns, 1979), juriste en CDA-politikus, is sûnt febrewaris 2024 boargemaster fan it Oeriselske Olst-Wijhe. Fan 2011 oant en mei 2023 wie se deputearre yn Fryslân, mei ûnder mear ynfrastruktuer, kultuer en Fryske taal yn har portefúlje. Se is auteur fan it boek ‘Eigenheid - Het belang van regionale culturen’.

Piter Wilkens (Ljouwert, 1959) is ien fan de pioniers fan de Frysktalige muzyk. Hy is skriuwer en sjonger fan humoristyske en filosofysk tinte ferskes yn tige útinoar rinnende stilen. Piter dielde ûnder oare it poadium mei De Kast, Anneke Douma, Gé Reinders en it Noord Nederlands Orkest. Hy wurke ek mei oan teäterproduksjes lykas It geheim fan ‘e Kânselier fan Tryater en teäterspektakel Salomon, het Kollumer Oproer.

Oer de Fedde Schurerlêzing

Fedde Schurer (1898-1968) wie in Frysk dichter en sjoernalist. Dêrneist siet er yn de Twadde Keamer foar de PvdA. Jierrenlang wie Schurer haadredakteur fan de Friese Koerier; syn stilistysk briljante en skerpe artikels wiene bekend yn en bûten Fryslân. Sûnt 2010 organisearret de Ried fan de Fryske Beweging jierliks yn gearwurking mei Tresoar, Fryske Akademy en Ljouwerter Krante in grut opsette lêzing ta neitins oan Fedde Schurer.