Skip to main content Skip to page footer

Foto: Marieke Balk

'Feroarjend Frysk': Anne Merkuur fersoarget Obe Postmalêzing 2026

Taalwittenskipper Anne Merkuur fan de Fryske Akademy is dit jier útnûge om de Obe Postmalêzing te fersoargjen. It tema: Feroarjend Frysk - oer taalferoaring en de takomst fan de frisistyk.

Mei de start fan de nije Bachelor Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins stiet ek de fraach nei de takomst fan de frisistyk wer sintraal. Wat is eins it Frysk dat wy bestudearje? Hoe feroaret de taal ûnder ynfloed fan meartaligens en nije foarmen fan taalgebrûk? En hoe giet de frisistyk mei dy feroaringen om? Dizze lêzing stiet stil by de relaasje tusken taalferoaring en de akademyske bestudearring fan it Frysk.

Anne Merkuur (it Hearrenfean, 1989) wurket as taalkundige en universitêr dosint oan de Fryske Akademy en de Ryksuniversiteit Grins. Yn 2021 promovearre se op in proefskrift oer taalferoaring yn Fryske tiidwurden, ‘Changes in modern Frisian verbal inflection’. 

Obe Postma

Dizze lêzing is yn gearwurking mei Studium Generale Leeuwarden en It Obe Postmaselskip. It Obe Postma Selskip, dat as doel hat it wurk fan Obe Postma ûnder de oandacht fan in sa grut en divers mooglik publyk te bringen en hâlden, wol dêrmei ek in bydrage leverje oan in libbene kultuer yn Fryslân. Dêrta wurdt ûnder oare ien kear yn it jier, yn gearwurking mei Tresoar, de Obe Postma-lêzing hâlden.
 

Praktyske ynformaasje

Lokaasje: Tresoar, Boterhoek 1, Leeuwarden
Tiid: 13.00 - 16.00 oere
Yntree: fergees