Fotoreportaazje ynternasjonaal kongres Mercator online
Tongersdei 7 en freed 8 novimber kamen likernôch 150 ûndersikers út Europa, Noard-Amearika en Azië nei Ljouwert om diel te nimmen oan in kongres oer minderheidstalen en meartaligens yn it ûnderwiis. Dit evenemint wie organisearre troch it team fan Mercator, it Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, dat ûnderdiel is fan de Fryske Akademy. It tema fan it kongres wie 'Shaping Policy for Minority Languages and Multilingualism'.
De iepening fan it kongres waard fersoarge troch deputearre Eke Folkerts fan de provinsje Fryslân en troch dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy. As nije projektlieder fan Mercator hiet ek dr. Jelske Dijkstra elkenien fan herte wolkom. Sawol Folkerts as Dijkstra makken fan de gelegenheid gebrûk om Cor van der Meer, âld-projektlieder fan Mercator (foto), op syn 'ôfskiedskongres' yn it sintsje te setten. Van der Meer waard troch Dijkstra útroppen ta guest of honour fan it hiele kongres.
Slagge edysje
De organisaasje sprekt fan in tige slagge edysje. Alle presintaasjes in alle trije sealen waarden fergees live útstjoerd op in spesjaal filmkanaal en sa koe elkenien, benammen ek ús ynternasjonale efterban en dy fan de ûndersikers, maklik thús meisjen.
Op de kongreswebsite stiet no in fotoreportaazje, makke troch Ydwine R Scarse.
Mear ynformaasje
- Kongreswebsite
- Book of abstracts (bondel fan de gearfettingen fan de presintaasjes)
- Programma 2024