Fryske Akademy presintearret fyzje op nij netwurk foar citizen science yn Fryslân
In dynamysk netwurk
De poster lit sjen hoe’t de Fryske Akademy tawurkje wol nei in breed netwurk foar citizen science. Dit netwurk wurdt opdield yn trije kennisnetwurken dy’t tematysk oanslute op de ûndersyksaginda fan de Fryske Akademy. Yn elts kennisnetwurk kinne ferskate tema- en projektgroepen ûntstean, dy’t tegearre wurkje oan it ûntwikkeljen en dielen fan wittenskiplike kennis mei de Fryske mienskip. Sa ûntstiet der in dynamysk gehiel wêr’t maatskiplike fragen in plak krije en wêr’t ympulsen foar nije projekten út fuortkomme kinne.
Besjoch hjir de Citzen Science poster op grut formaat >>>
Mear ferbining tusken wittenskip en mienskip
Dit nije netwurk omfettet net allinnich de besteande wurkmienskip fan de Fryske Akademy, mar stiet mei klam iepen foar de bredere Fryske mienskip en oare organisaasjes en inisjativen. It doel is om de ferbining tusken wittenskip en boargers te fersterkjen. Citizen science, in ûndersyksmetoade dêr’t boargers in aktive bydrage leverje oan wittenskiplik ûndersyk, spilet hjiryn in wichtige rol.
In lange tradysje fan boargerwittenskip yn Fryslân
Hoewol’t it konsept citizen science pas de lêste jierren bot yn opkomst is, kent de Fryske Akademy al in lange tradysje op dit mêd. Sûnt de oprjochting fan de Fryske Akademy yn 1938 binne de wurkferbannen en -groepen al in wichtich ûnderdiel fan it ynstitút. Hjoed-de-dei besteane dizze wurkferbannen en -groepen noch hieltyd út besiele ûndersikers en spylje se in wichtige rol yn it publyksprogramma fan de Fryske Akademy.
De kommende perioade wurket Van der West, yn 'e mande mei de besteande wurkmienskip, de plannen foar dit nije netwurk fierder út. Hjirmei wurdt in stevich fûnemint lein foar in dynamysk netwurk wêryn’t wittenskip en boargers mei-inoar oplûke. Wittenskip foar elkenien, dat is it útgongspunt.
Meiprate?
Hawwe jo ideeën of wolle jo wat diele oer dit plan, nim dan kontakt op mei Van der West fia dit e-mailadres.