Skip to main content Skip to page footer

Skets fan it nije Magna Frisia

Fryske Akademy tekenet yntinsjeferklearring Magna Frisia

Op 4 oktober, yn de Theaterkerk yn Nes (Noardeast-Fryslân), sille Marit Bijlsma en dr. Han Nijdam, út namme fan de Fryske Akademy, in yntinsjeferklearring foar ynhâldlike gearwurking tekenje mei de projektgroep dy't wurket oan de plannen foar it midsiuwske museumdoarp Magna Frisia. Dit iepenloftmuseum, dat yn 2027 by de Lauwersmar ferrize moat, sil de besikers meinimme nei it Fryslân fan de perioade tusken de 5e en de 7e iuw. It idee kaam út de pinne fan skriuwer Willem Schoorstra.

De Fryske Akademy sil, lykas it Fries Museum, it projekt ynhâldlik stypje, dat wol sizze: mei ús ekspertize. De gemeente Noardeast-Fryslân hat ek al ferskate foarmen fan stipe tasein. By it tekenmomint op 4 oktober sille in konkrete projektskets en in helberheidsstúdzje presintearre wurde oan de parse.

Earder kaam dit projekt ek al yn it nijs, bgl: 


(De presintaasjemiddei fan 4 oktober is net iepenbier tagonklik.)