Skip to main content Skip to page footer

Gastûndersiker Oebele Vries fertelt oer maritym grinskonflikt de Iems

Gastûndersiker dr. Oebele Vries is troch Omrop Fryslân frege om oer in iuwenâld grinskonflikt te fertellen. Fraach is oft rivier de Iems no Nederlânsk of Dútsk gebiet is. Dêr kinne beide lannen it al 561 jier net rjocht oer iens wurde. Fanwegen sawol gaswinning boppe Skiermûntseach as it oansluten fan grutte wynparken op 'e Noardsee is dat lykwols in tige aktuele kwestje. Natuurmonuminten komt oan it wurd. Histoarikus Vries leit út wat der eartiids krekt bard is. Besjoch hjir de reportaazje fan ferslachjouwer Arjen Bosselaar.