Gastûndersiker Rolf Bremmer fertelt yn bûtenlân oer Aldfrysk
Begjin maaie joech er op útnûging fan it Deutsches Seminar, Universität Zürich, earst in kolleezje oer de Aldfryske Magnuskerren foar de studinten fan de kursus Aldfrysk, dy’t dêr om it jier jûn wurdt troch dr. Mirjam Marti Heinzle. Dêrnei folge in lêzing foar Germanisten, Anglisten en Mediëvisten oer ‘The Medieval Frisian Registers of Compensation and Oral Tradition’.
Fan 28 o/m 30 maaie naam Bremmer diel oan it jierliks sympoasium fan de Associazione Italiana di Filologia Germanica, mei as tema “Critica del testo e filologia germanica: specificità e problematiche dell’edizione dei testi germanici medievali” (‘Tekstkrityk en Germaanske filology: besûnderheden en problemen by de edysje fan midsieuske Germaanske teksten’). Bremmer hâlde syn lêzing oer “Karl von Richthofen’s Friesische Rechtsquellen (1840): the Coming-of-Age of Editing Germanic Laws”.
Summer schools 2025
Yn july jout Bremmer twa kolleezjes by de Old Frisian Summer School, in gearwurking fan Ryksuniversiteit Grins en Oxford University, dêr't de Fryske Akademy ek in bydrage oan leveret. Yn de simmerfakânsje fersoarget er in kursus Aldfrysk foar de Summer School in Languages and Linguistics oan Universiteit Leiden.