Skip to main content Skip to page footer

Foto: Mabel Amber, who will one day via Pixabay

Gean mei te fytsen troch de Hegewarren op ús lânbou-ekskurzje!

Geane jo mei op fyts-ekskurzje troch it Fryske feangreidegebiet? Op sneon 30 maaie hat ús  Lânboukundich Wurkferbân, yn 'e mande mei de Friese Milieu Federatie, in besite organisearre oan de Veen Innovatie Polder Hegewarren yn Aldegea (Sm.) en jo binne fan herte útnûge!

Wat smyt it wiet wurde litten fan it fean op yn de praktyk foar klimaat, natuer én in takomstbestindich boerebedriuw? Kinst boeren op wiet fean en hoe dochst dat? Wat binne njonken melkfeehâlderij oare mooglikheden om wiet fean rendabel te eksploitearjen? Mei praktykproeven op twa lokaasjes siket de Veen Innovatie Polder (VIP) Hegewarren nei antwurden.

Ekskurzje 

It Lânboukundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy en de Friese Milieu Federatie organisearje, yn gearwurking mei VIP-Hegewarren, in ekskurzje nei beide proeflokaasjes.

Hawwe jo belangstelling? Meld jo dan gau oan, want der is plak foar maksimaal 40 dielnimmers. Dielname fynt plak op folchoarder fan oanmelding. Mei jo eigen fyts is de ekskurzje fergees. De ôfstân tusken de twa proefbedriuwen wurdt nammentlik mei de fyts ôflein. 

Jou by jo oanmelding oan oft jo de eigen fyts meinimme of gebrûk meitsje wolle fan in hierfyts. It brûken fan in hierfyts kostet €8, -. De hierfytsen steane op sa'n 1,5 kilometer fan de ekskurzjelokaasje foar jo klear.

De ekskurzje begjint om 13:00 oere.

De eksakte lokaasje fan de start fan de ekskurzje en fan de hierfytsen krije jo yn de befêstiging nei jo reservearring.

Oanmelde kin fia it Lânboumuseum Fryslân >>>