Gearwurking mei Universiteit fan Cambridge resultearret yn fakatuere postdokbeurs
Ynternasjonale gearwurking
De Fryske Akademy en de ôfdieling Angelsaksysk, Noarsk en Keltysk (ASNC) fan de Universiteit fan Cambridge hawwe, mei tank oan it Frysk Akademy Fûns en it Dennis Green Fund, in ienjierrige postdokbeurs (fellowship) opsette kinnen foar 0,8 -1,0 fte, te begjinnen yn septimber 2026. Socht wurdt nei in promovearre kandidaat, dy't syn of har ûndersyk ûntwikkelje wol yn line mei de ekspertize fan beide ynstellings.
Mar hoe kaam dizze ynternasjonale gearwurking ta stân? De Fryske Akademy is fansels in relatyf lyts ûndersyksynstitút. We fregen it oan Rory Naismith, heechlearaar iermidsiuwske Ingelske skiednis oan de Universiteit fan Cambridge. "Ik wurkje by de ôfdieling Angelsaksysk, Noarsk en Keltysk (ASNC), in lytse mar tige aktive ôfdieling oan de Universiteit fan Cambridge," fertelt Naismith. “It ûndersyk dêr rjochtet him op de skiednis, talen, literatuer en kultueren fan midsiuwsk Grut-Brittannië, Ierlân en Skandinavië. De ôfdieling stipet ek mei klam it ûndersyk nei de eardere kontakten mei dy regio’s en harren buorlannen. Wat ús ynteressegebiet en de benaderingen dy't wy yn ús ûndersyk hantearje oanbelanget, slute wy dus alhiel oan by wat de Fryske Akademy docht. In partnerskip liket dus in tige natuerlike en winsklike stap.”
"Cambridge en Ljouwert binne prachtich!"
In gearwurking tusken meiwurkers fan beide ynstellingen wie der al in skoft, mar no die bliken dat de tiid ryp wie om de relaasje te bekrêftigjen mei it opsetten fan in fellowship. "Dit wjerspegelet ús mienskiplike winsk om yn te spyljen op de útdaagjende situaasje yn it fakgebiet", leit Naismith út. "We wurkje yn in tiid wêryn't middels en kânsen krap binne, benammen foar begjinnende wittenskippers. It is dêrom hiel wichtich om ynternasjonale relaasjes te befoarderjen, om ûndersikers de bêst mooglike kâns te jaan om tusken ferskillende akademyske systemen te wurkjen."
By de Fryske Akademy wurdt al langer ûndersyk dien nei de (iere) midsiuwen, lykas it ûndersyk nei kening Redbad, de maritime hannelsbetrekkingen en it ûndersyk nei it Aldfrysk. Mar hoe slút dit fellowship oan by wat ASNC al docht op it mêd fan ûndersyk nei de Noardseeregio en de iere midsiuwen? Naismith: "ASNC is eins in dynamysk ûndersykssintrum. Us meiwurkers hâlde harren dwaande mei in breed skala oan ûnderwerpen dy't de hiele Noardsee bestrike: hoe rûnen de jildstreamen, wat binne de taalkundige en literêre ynfloeden, wa wiene de reizgjende gelearden, en noch folle mear. It is dus in perfekte partner foar de Fryske Akademy."
De fakatuere stiet iepen oant 28 juny. Frege wurdt om in koart ûndersyksfoarstel, in motivaasjebrief mei cv, en in akademyske referinsje. De selektearre kandidaat komt foar in jier yn tsjinst fan de Fryske Akademy, en mei njoggen moannen ûndersyk dwaan yn Ljouwert en trije moannen yn Cambridge. "Beide ynstellingen binne freonlike en noflike wurkplakken," seit Naismith mei klam ta beslút. "En se binne gelegen yn prachtige en histoaryske stêden!"