Skip to main content Skip to page footer

Zelfportret, Wybrand de Geest, 1629. Olieverf op paneel. Fries Museum, Leeuwarden - Bruikleen van het Rijksmuseum, Amsterdam - Gerestaureerd met steun van de Wassenbergh-Clarijs-Fontein Stichting.

Gearwurking Genealogysk Wurkferbân en Fries Museum by parenteel De Geest

It bestjoer fan it Geneologysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy nûget jo graach út foar de presintaasje fan it Genealogysk Jierboek 2024 op sneon 30 novimber 2024 yn it gebou fan Tresoar yn Ljouwert. Lêzingen binne der fan:

- Gosse van der Plaats en Mieke Breij oer de parenteel fan Simon Juckes de Geest, heit fan His, Gelis en Wybrand de Geest;
- Jelle Miedema oer Vomelius Wommels, hear Haye Hoytez en syn erfgenamten;
- Douwe P. De Vries en Jelle de Jong oer Van der Burch;
- Fryske Rie foar Heraldyk oer Wapenregistraasje.

Gearwurking Fryske Akademy en Fries Museum

Bysûnder om út te ljochtsjen is de presintaasje fan de parenteel fan Simon Juckes de Geest, heit fan His, Gelis en skilder Wybrand de Geest. In parenteel is de stambeamfoarm dy't útgiet fan de âldst bekende âlden. Op fersyk fan drs. Marlies Stoter, konservator Alde Keunst by it Fries Museum, gie it Genealogysk Wurkferbân oan de slach om in aktualisearre genealogysk oersjoch te meitsjen fan Wybrand de Geest (1592-1663/1665). 

De auteurs fan it oersjoch, Gosse van der Plaats en Mieke Breij, hawwe Wybrand de Geest pleatst yn syn famyljenetwurk. Van der Plaats die ûndersyk nei de famylje yn Ljouwert, Breij nei de tak fan Wybrands âldere broer Gelis yn Utert en nei de rêst fan syn netwurk yn it midden fan Nederlân. 

Dit famyljeoersjoch bestrykt globaal de perioade fan 1550 oant 1750. It ûndersyk jout ûnder mear oan dat Wybrand de Geest nea les hân hat fan syn heit, sa't oant no ta ferûndersteld waard, en toant it belang fan syn broer Gelis foar syn karriêre. Gelis trout yn 1604 yn Utert yn in grifformeard-remonstrants miljeu en wurdt yn 1605 boarger fan dy stêd. Wybrand folget yn Utert syn skildersoplieding en docht dêr wichtige kontakten op. 

Dit parenteel is de earste bydrage yn it nije Genealogysk Jierboek 2024.

Utstalling oer Wybrand de Geest

Fan begjin septimber 2025 oant maart 2026 sil it Fries Museum yn Ljouwert in grutte útstalling organisearje oer de Fryske 17e-iuwske skilder Wybrand de Geest, dy't bekend is om syn portretten fan de steedhâlderlike famylje, adel en hege offisieren. 

Dit nije genealogysk oersjoch fan it Genealogysk Wurkferbân sil as basisdokumint brûkt wurde foar it publyksboek mei essays dat by de tentoanstelling heart, en dat skreaun wurde sil troch ûndersikers as prof. dr. Yme Kuiper en oaren.

Presintaasje Jierboek

De presintaasje fan it Genealogysk Jierboek op sneon 30 novimber begjint om 13:30 oere yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar. Ynrin en boekferkeap begjinne al om 13:00 oere. 

Op dizze middei kinne jo it jierboek oanskaffe foar €37,50,-. De tagong fan de presintaasje is fergees.

Mear ynformaasje:

- Utnûging en programma (pdf)
- Bestelformulier Genealogysk Jierboek 2024 (pdf)