Skip to main content Skip to page footer

Promoasje Mark Raat: histoaryske lânskipspolityk yn Fryske Feangreidegebiet, breuk mei ferline

‘Wat drûger it lân, wat better’ wie altyd it útgongspunt as it gie om it Fryske feangreidegebiet. It ferheegjen fan it wetterpeil, in maatregel dêr't in pear jier lyn ta besletten is, betsjut dan ek in breuk mei de iuwenlange ynspannings om it lân te ûntwetterjen en drûch te hâlden.

 

Mark Raat (Medemblik, 1988) dûkte foar syn promoasjeûndersyk yn de skiednis fan de politike beslútfoarming oer de ynrjochting en it brûken fan de wetterrike Lege Midden fan de provinsje Fryslân. Neist ynsichten oer de regionale histoarje smyt it ûndersyk ek ljocht op de foarskiednis fan de moderne lânbou yn Nederlân. Op 15 oktober 2026 ferdigenet de ûndersiker fan de Fryske Akademy syn proefskrift oan de Ryksuniversiteit Grins.

Der waard fean ûntgind, turf wûn, marren en feanplassen drûchmeald, polders oanlein en lânbougrûn ferkavele. Net folle lânskippen binne sa yngripend feroare as de feangreidegebieten. Mark Raat werkent yn Fryslân in lange polderambysje: in iuwenlang stribjen om de feanboaiem drûch te meitsjen én te hâlden. It inisjatyf ta ynpolderjen lei by lâneigeners, mar harren stribjen krige stadichoan foarm yn oerheidsbelied. Sa stelden de Steaten fan Fryslân yn 1633 in ûnteigeningsmaatregel yn dy't it mooglik makke om grûn te krijen foar it drûchmeitsjen fan marren. Dêrmei erkenden de Steaten drûchmeitsjen as in algemien belang, dêr't partikulier belang ûnderhearrich oan makke wurde koe.

Fan de twadde helte fan de achttjinde iuw ôf ûntstie der debat oer wa't gesach hie oer it lânskip. Letter soene de Fryslân en it Ryk hieltyd mear regeljouwing ymplemintearje. Fan 1874 ôf koe de provinsje partikuliere polders sels ferplichte ûnderbringe yn in wetterskip en sa stjoerend optrede. Dochs waard de ynset fan dy maatregel dêrnei benammen troch boeren sels ôftwongen.

Yn syn promoasjeûndersyk beskriuwt Raat de wikselwurking tusken de Steaten fan Fryslân, boeren en de wittenskip yn de perioade tusken sa. 1600 en 1875. Hja holden har ûnder mear dwaande mei de gefolgen fan bemealling, turfwinning en wetterbehear. Raat: “Hieltyd moast men de lânskiplike gefolgen op koarte en lange termyn ôfwage en in balâns fine tusken botsende belangen. Krúsjaal wie de fraach yn hoefier't it oerheidsgesach de autonomy fan lâneigeners beheine mocht. Dizze dilemma’s spylje ek yn it hjoeddeiske debat oer it lânskip.”

Breuk

Yn de wize fan beslútfoarming oer it lânskip konstatearret Raat in grut ferskil tusken doe en no: “Nettsjinsteande de stipe oan it polderideaal wie de Fryske oerheid oant sa. 1875 relatyf ôfhâldend yn har bemuoienis mei it lânskip. Hja wie foaral fasilitearjend, net sasear twingend. Tsjintwurdich is der sprake fan it tsjinoerstelde, en sizze bewenners en brûkers fan it lânskip dat se net folle grip hawwe op de ûntwikkelingen.”

De ferheging fan it wetterpeil yn it Fryske Feangreidegebiet is sa’n nije ûntjouwing dy’t faak bepraat is. It wieter wurden fan it fean moat boaiemdelgong ôfremje en dêrtroch skea oan fundearringen en it miljeu beheine, mar de lânbousektor kin dêrtroch minder yntinsyf buorkje. De histoarikus stelt dêrom dat de hjoeddeistige wetterpeilferheging net inkeld in beliedskar is, mar ek in wêzentlike kulturele breuk mei it ferline: “Efter de hjoeddeiske technyske diskusje oer nut en needsaak giet in histoaryske diminsje skûl dy’t wy net ûnderskatte moatte. Mear omtinken foar it ferline kin de diskusje oer de takomst fan it Feangreidegebiet yn perspektyf pleatse.”

Modern

Neist ynsichten oer de skiednis fan de Fryske lânbou yn it feangreidegebiet smyt it ûndersyk fan Raat ek ljocht op de foarskiednis fan de moderne lânbou. Ynnovaasjes as stoomtechnyk, elektrotechnyk en keunstdong koene suksesfol tapast wurde fanwegen de politike betingsten dy't yn de iuwen dêrfoar ûntstien wiene. Fan de twadde helte fan de njoggentjinde iuw ôf wurken oerheden, boeren en wittenskippers bygelyks hieltyd mear gear en foarmen it tradisjonele boerebedriuw om ta in moderne lânbou.

Promoasje

Mark Raat hopet op 15 oktober 2026 om 14:30 oere te promovearjen oan de Ryksuniversiteit Grins. Syn promotors binne professoaren A.M. (Marijn) Molema en J.A. (Hans) Mol. De seremoanje is online te folgjen fia de website fan de RUG.