Jarich Hoekstra ferstoarn
De direksje en meiwurkers fan de Fryske Akademy binne oandien troch it nijs dat prof. em. dr. Jarich Hoekstra op 20 septimber 2024 is ferstoarn yn syn wenplak Kiel (DE).
Foar syn beneaming oan de Christian-Albrechts-Universität yn Kiel, hat Jarich Hoekstra gâns in skoft ferbûn west oan de Fryske Akademy (fan likernôch 1981 oant 1999). Earst as redakteur fan it Wurdboek fan de Fryske taal, letter wijde hy him oan de Fryske taalkunde. Hy promovearre yn 1997 op syn proefskrift The syntax of infinitives in Frisian en in jier letter publisearre hy it boek Fryske wurdfoarming. Dat lêste boek is noch altyd in standertwurk oer Fryske morfology.
Us kollega Pieter Duijff had in wiidweidich In Memoriam skreaun. Dat kinne jo lêze op Frisistyk.nl.
Wy tinke oan Jarich Hoekstra werom as in grut wittenskipper en tagelyk in minlike kollega.
De direksje en meiwurkers fan de Fryske Akademy winskje de famylje in protte sterkte ta om dit ferlies te ferwurkjen.