Kanadeeske ûndersiker dûkt yn it Fryske brein: hoe ferwurkje Friezen harren talen?
Codeswitching
Rose ûndersiket hoe't Frysktaligen omgean mei it Frysk en it Nederlânsk en wat der yn it brein bart wannear't sy tusken beide talen skeakelje. Dit proses stiet ek wol bekend as codeswitching. It ûndersyk makket diel út fan in grutter projekt dêr't net allinnich taalgebrûk sintraal yn stiet, mar ek de fraach hoe't Friezen technology en keunstmjittige yntelliginsje ûnderfine. De ynsichten kinne letter bydrage oan technology dy't better oanslút by de Fryske mienskip.
Foar it ûndersyk krije dielnimmers ôfbyldingen te sjen op in laptop. Se krije de opdracht om te beneamen wat se sjogge. De iene kear yn it Frysk as se in Frysk flachje sjogge, de oare kear yn it Nederlânsk as der in Nederlânsk flachje bystiet. De dielnimmers drage in headset mei in mikrofoan. Dêrneist folje dielnimmers in koarte fragelist yn oer harren taalgebrûk, harren ûnderfinings mei it Frysk en de rol dy’t de taal spilet foar harren identiteit. “It wikseljen tusken talen kin bêst útdaagjend wêze”, fertelt Rose. "De dielnimmers dy't al meidien hawwe fûnen it foaral hiel leuk om te dwaan. ”It ûndersyk stiet iepen foar minsken tusken de 18 en 75 jier dy’t sawol Frysk as Nederlânsk prate.
Ferwurking fan taal
Neffens Rose is syn ûndersyk bysûnder om't der noch net folle bekend is oer hoe't folwoeksen Fryske sprekkers harren talen yntellektueel ferwurkje. “Foar safier bekend is dit de earste stúdzje dy’t it taalgebrûk fan folwoeksenen yn Fryslân út dit perspektyf wei ûndersiket. ”Ek ferskillen tusken Fryske dialekten binne gjin probleem. "Just dy fariaasje makket it ûndersyk ekstra nijsgjirrich. Mei kollega’s fan de Fryske Akademy besykje ik better te begripen wêr't dy ferskillen weikomme en wat se betsjutte.”
Frânsktalich Kanada
De fassinaasje fan Rose foar taal komt trouwens net út de loft fallen. Hy groeide op yn Kanada op Prince Edward Island, in eilân oan de eastkant fan it lân dêr't trouwens ek ferskate emigrearre Friezen wenje. Op skoalle folge er jierrenlang Frânsktalich ûnderwiis. Letter wenne er yn Súd-Koreä en Japan, dêr't er ek Koreaansk en Japansk praten learde. Dy ûnderfiningen brochten him in wichtige oertsjûging: taal is folle mear as in kommunikaasjemiddel. “Foar my is in taal in finster op it hert en de siel fan in mienskip”, seit er. De grutskens dy't er sjocht by Frânsktalige Kanadezen werkent er ek yn Fryslân." Dat gefoel fan grutskens is essinsjeel foar it behâld fan in taal, mar ek foar it behâld fan in kulturele en persoanlike identiteit."
Meidwaan?
Liket it dy aardich om mei te dwaan oan dit ûndersyk? Plan dan in ôfspraak yn mei ûndersiker Dylan Rose. Meidwaan kin op twa lokaasjes: oan de Campus Fryslân yn Ljouwert en oan de Letterenfakulteit yn Grins.