Skip to main content Skip to page footer

(Foto: DigiDaan)

Kom nei it Weekend van de Wetenschap op sneon 3 oktober!

Untdek mei de Fryske Akademy de geheimen fan taal, geuren en de Fryske boaiem. Hoe kin it dat wy Viking-skatten yn ús Fryske boaiem fine? En wêrom prate se yn Noard-Dútslân ek Frysk? Hoe rûkt Fryslân eins en wat seit dat oer wa't wy binne?

Proefkes dwaan, snuffelje, knutselje, bouwe... In wykein fol wittenskip foar bern en harren âlden en pakes & beppes en wa't mar mei wol! Ferskate Fryske (kennis)ynstituten litte dy tidens it lânlike Weekend van de Wetenschap op 3 oktober wer yn 'e kunde komme mei wittenskip.  Mátyás Bittenbinder (Klokhuis, Zin in Zappelin) fersoarget de iepening yn Ljouwert mei in ferhaal oer 'Gif in het dierenrijk'. 

Untdek mei taalwittenskippers en histoarisy fan de Fryske Akademy hoe't talen mei-inoar ferbûn binne, wat der ferburgen leit yn de Fryske boaiem en hokker geuren Fryslân sa bysûnder meitsje. Undersyk hoe't meartalich ofsto stikem bist, graaf nei spoaren út it ferline en lit dyn noas it wurk dwaan. Foar nijsgjirrige besikers fan alle leeftiden. En: hoechst gjin Frysk te praten om mei te dwaan: alle talen binne wolkom! 

Tagong is fergees.

Lês hjir it folsleine programma.