Ledeblêd 'Ut de Smidte' (winter 2025) no ek online
Yn dizze edysje is ûnder mear omtinken foar de nijsjirrige projekten fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, dat ûnderdiel is fan de Fryske Akademy. Yn it ramt fan it projekt Read with MEE komme de makkers fan in nije tsientalige game oan it wurd en ûndersikers Suzanne Dekker en Nika Stefan fertelle oer it wurk dat se dien hawwe foar de nije Fryske Taalsurvey.
Fierder is yn dit nûmer omtinken foar de lêste Akademydei en de nij beneamde leden Syds Wiersma en Piter Tjeerdsma, mar ek foar it nije GIS-portaal, de boeken fan Janneke Spoelstra en Alderik Blom, de takomstplannen mei citizen science, Sible Roos en syn passy foar archeology, in midsiuwkse munt dy't op de Akademydei ferlern waard by de biertaap, en noch folle mear.
Online
Leden en stipers hawwe it blêd foar de krystdagen al thúsbesoarge krigen. De Ut de Smidte 2025-2 is no ek online as pdf beskikber.
Op ús Ut de Smidte-pagina binne de lêste fiif edysjes online werom te finen.
De folgjende edysje ferskynt yn juny 2026. Hawwe jo kopij foar ús? Dat kin stjoerd wurde nei de redaksje. Dêr kinne jo ek al jo opmerkingen en tips hinne stjoere.