Skip to main content Skip to page footer

Reijer J. de Vries (eigen foto)

Lêzing Genealogysk Wurkferbân oer de 'Lemster’ famylje De Vries

It boek Verhalen die hout snijden (2023) presintearret in genealogysk ûndersyk nei de ‘Stamboom van een ‘Lemster’ familie De Vries’ yn de foarm fan ferhalen. De titel fan it boek ferwiist sawol nei de ambachtlike beroppen fan de foarâlden as nei de ferhalende oanpak fan de genealogy. De stambeam is foar safier bekend bewoartele om 1580 hinne yn Opsterlân, benammen yn Beetstersweach, en is fan oarsprong meniste. Om 1760 hinne ferfart Jacob Rinderts, pakesizzer fan ds. Ulbe van Sinderen, nei De Lemmer. Fan ein 19e iuw ôf ferspriede de neikommelingen harren oer Nederlân.

De lêzing, mei as titel 'Verbeelding verZINt', stelt de fraach nei de foar- en neidielen fan “faction” (fiksje op grûn fan feiten) as foarm foar de presintaasje fan genealogysk ûndersyk. Dêrby wurdt omtinken frege foar it belang fan tsjerklike boarnen yn de genealogy.

Oer Reijer J. de Vries

Dr. Reijer J. de Vries (* 1954, Driebergen) wie fan 1980 oant 2006 predikant yn meardere gemeenten, û.o. yn Harns (1984 -1991). Fan 2009 -2020 wie er universitêr dosint praktyske teology oan de Protestantse Theologische Universiteit (PThU). Syn publikaasjes betreffe foaral de praktyske teology en it justysjepastoraat. Nei syn pensjoen hat er fan syn genealogyske hobby in deibesteging makke.

Lêzing

It Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy nûget jo út op sneon 5 april by de gearkomste mei lêzing. it begjint om 13:30 oere yn Tresoar en duorret oant 15:30 oere. De yntree is fergees. De lêzing is yn it Nederlânsk en healwei de lêzing is in skoft.