Skip to main content Skip to page footer

Meslânzer Woardeboek

Lutinepriis 2024 foar Meslânzer Woardeboek

It Meslânzer Woardeboek is bekroand mei de Lutinepriis 2024, de jierlikse priis fan de gemeente Skylge foar in wurk dat de kennis oer Skylge wêzentlik fergruttet. 

Oan it Meslânzer Woardeboek is sûnt 2008 wurke troch Triny Martens, Gettje Pals, Nel Swart en Piet Smit, yn 'e mande mei in klankboerdgroep fan dialektsprekkers. Sy krigen dêrby ek help fan Siebren Dyk, âld-meiwurker en tsjintwurdich gastûndersiker by de Fryske Akademy. Dyk soarge derfoar dat de oarspronklike wurdlisten yn in wurdboekformaat oerbrocht waarden, en hy fersoarge ek it grammatika-diel. Stipe dêrby krige er wer fan Janneke Spoelstra (letterkundich ûndersiker) en Eduard Drenth (software arsjitekt) fan de Fryske Akademy.

De Fryske Akademy lokwinsket de wurkgroep Meslânzers en de kollega's fan herte mei dizze moaie priis!

Skylges wethâlder Kultuer, Danny Ruige, sil de priis yn de maitiid fan 2025 by in feestlike gearkomste útrikke. 

Mear oer de Lutinepriis kinne jo hjir neilêze.
It Meslânzer Woardeboek is te keap by Afûk.