Magazine 'Ut de Smidte' (simmer 2025) ferskynd
Yn it magazine is ûnder oaren omtinken foar it Lyts én Grut Frysk Diktee, komme gastûndersikers út it bûtenlân oan it wurd, fertelt stazjêr Louw Biesma oer syn fassinaasje foar de Fryske taal en komt de Amerikaanske promovendus Meg Smith oan it wurd oer har ûndersyk nei it Aldfrysk, it suske fan har eigen memmetaal, it Ingelsk.
Fierder is yn dit nûmer ek omtinken foar it ôfskied fan Anthonya Visser fan de Ried fan Tafersjoch, it oansteande pensjoen fan kollega Peter van der Meer en in wiidweidich fraachpetear mei ús 86-jierrige gastûndersiker Tseard de Graaf, dy't sûnt in pear jier Frysk praat mei syn frou.
Online
Leden en stipers krije it blêd op papier thúsbesoarge. De Ut de Smidte 2025-1 is online as pdf beskikber.
Op ús Ut de Smidte-pagina binne de lêste fiif edysjes online werom te finen.
De folgjende edysje ferskynt yn desimber 2025. Hawwe jo kopij foar ús? Dat kin stjoerd wurde nei de redaksje. Dêr kinne jo ek al jo opmerkingen en tips hinne stjoere.