Mylpeal foar Online Nederlânsk-Frysk Wurdboek
Dit artikel stie earder yn ús ledeblêd Ut de Smidte (Simmer 2026)
Hindrik, earst mar de meast foar de hân lizzende fraach: wat bedoele jim mei 'lemma'?
Hindrik Sijens: “In lemma is in trefwurd, mar ek it hiele artikel dat derby heart. As we sizze dat we in lemma online hawwe, dan bedoele we it trefwurd mei de oersetting, foarbylden en taaleigen, sa as útdrukkingen en siswizen.”
En no dizze mylpeal, lokwinske! Mar hoe grut is dit eins?
“It grutte Wurdboek fan de Fryske taal (WFT) bestiet út 25 dielen en dêr sitte sa'n 125.000 lemma's yn. It ONFW sit no op 75.000 lemma's, it Frysk Hânwurdboek op 70.000. It online wurdboek is dus it twadde grutste Fryske wurdboek. En der moatte noch sa'n 10.000 echt gongbere, frekwinte Nederlânske wurden by, dus wy sille op syn minst op 85.000 útkomme. No't we te krijen hawwe mei digitale opslach, spilet it gjin inkelde rol mear hoe grut oft it wurdboek wurdt. We binne net mear bûn oan in tal bledsiden.”
Mar jimme kom net út op dy 125.000 dy't yn it papieren wurdboek stean?
“Nee. It grutte papieren Wurdboek fan de Fryske Taal is echt in beskriuwing fan de Fryske taal tusken 1800 en 1975. Wat wy no dogge, is in gebrûkswurdboek meitsje wat hjoed-de-dei helpe moat om Frysk te skriuwen. Dit ONFW is foar Nederlânsktaligen dy't in Frysk wurd witte wolle, mar ek foar Frysktaligen dy't tinke: ‘hoe skriuw ik dat ek alwer?’ Dan sykje se in Nederlânsk wurd op om by it Frysk út te kommen.”
Hoe bewurklik is it om sa'n online lemma te meitsjen?
"Dat kin hiel bewurklik wêze. Ik hie fannemoarn it wurd ‘smaakvol' yn it Nederlânsk. Dêr sitst langer oer nei te tinken as oer in wurd as 'tafelpoot', dan bist by wize fan sprekken yn in minút klear. By ‘smaakvol’ sikest earst út wat dat yn it Frysk wêze kin, wat de kontekst is dêr't it wurd yn brûkt wurdt en ek oft der bepaalde ferbiningen of patroanen yn it Nederlânsk binne, sa as ‘smaakvol gekleed gaan'.”
“De oersetting fan in wurd as 'hand/hân’ is hiel maklik. Mar foar siswizen of kombinaasjes as ‘iets in de hand houden’ of ‘de hand erachter krijgen’ moatte ek goede Fryske oersettingen komme. Mei in wurd as ‘hân’ binne in hiel soard ferbiningen, siswizen en sprekwurden. Dêr kinst dan dagen mei oan ‘e gong wêze. Gelokkich binne we hjir mei allegear memmetaalsprekkers en kinne wy sykje in âlde wurdboeken en yn de Taaldatabank. Dat is in database mei digitalisearre Fryske teksten út de 19e en 20e iuw, mei in omfang fan likernôch 25 miljoen wurden. Dêr kinne we wurden yn opsykje om te sjen yn hokker kombinaasje mei oare wurden sa'n wurd faak brûkt wurdt."
Wat wie it 75.000e wurd?
Laitsjend: "Dat wit wit ik einliks net mear! We binne ek alwer hiel wat wurden fierder. Mar as ik yn ús redaksjesysteem sjoch nei de datum dat we de mylpeal helle hawwe, dan soe ik sizze: ‘allerergst’. Dat is oerset nei ‘alderslimst’.
En dat stie der noch net yn?
"Nee dus. We hawwe in list fan 150.000 Nederlânske wurden en harren frekwinsje. Dy list wurkje wy ôf. Wurden as ‘badpak’, ‘afgrijselijk’ en ‘berouw’ wurde faak brûkt, dus dy moatte beslist yn it online wurdboek. Mar echt gatten sitte no net yn Frysker. It is sa dat it ONFW yn de sykfunksje fan Frysker.nl sit, mar dêr sit ek it digitalisearre Nederlânsk-Frysk Wurdboek út 1985 yn. Dêrtroch is ‘berouw’ al wol te finen yn Frysker, mar sadree't wy it bewurke hawwe, ferfangt ús nije ynfier de âlde beskriuwing.”
Dus ‘alderslimst’ stie wol yn Frysker, mar no yn in nij jaske?
“Presys. Wy, dat binne Janneke Spoelstra, Louw Biesma, Johan van der Zwaag, Willem Visser en ik, besykje de brûkers gongber Frysk te jaan, mar tagelyk ek de rykdom fan it Frysk sjen te litten mei nije en âldere wurden, sadat minsken ek wat te kiezen hawwe. We soene hiel foarskriuwend wêze kinne en sizze dat we hollanismen net opnimme, mar we kinne ek sizze dat it Frysk in libbene taal is. Wêr leit de grins? We wolle allegear graach de Fryske taal oerein hâlde.”