Skip to main content Skip to page footer

Foto: Albrecht Fietz (Pixabay)

Nije rige debatten: ‘Kin ynnovaasje de Fryske boer rêde?’

Soe ynnovaasje de Fryske boer rêde kinne? Dat is it sintrale tema fan de rige debatten dy't it Lânboukundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy yn de hjerst- en winterperioade 2024/2025 organisearret yn 'e mande mei it Frysk Lânboumuseum. It earste debat is op tongersdei 17 oktober. Dan giet Peter de Jong, lektor duorsume ferwurking fan suvel en fiedsel by Van Hall Larenstein, yn petear mei direkteur Tjeerd Jongsma fan it test- en ynnovaasjeprogramma Fascinating en mei in tal boeren.

It Lânboukundich Wurkferbân, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, is in platfoarm foar boargerwittenskip en in moetingsplak tusken wittenskip en maatskippij. Lei by de ôfrûne rige debatten de fokus noch op de fiedselproduksje, dit seizoen geane de petearen oer de ynnovaasjes dy’t agrofood nedich hat as middel om perspektyf (2040) te hâlden. Wat wurdt der oan ynnovaasjes ûntwikkele en op hokker manier beynfloedzje dizze ynnovaasjes it perspektyf? Wat drage se by oan de maatskiplike opjeften en wurde se wol akseptearre troch elkenien?

Debatten

Op tongersdei 17 oktober 2024 om 19:30 oere sil it debat yn it Frysk Lânboumuseum yn Ljouwert gean oer de transysje fan fiedsel as kaai foar ynnovaasje. Peter de Jong, lektor duorsume ferwurking fan suvel en fiedsel by Van Hall Larenstein, rjochtet him op de fraach oft de suvelsektor sûnder ynnovaasje wol fuortbestean kin. Nei syn presintaasje giet De Jong yn diskusje mei in panel, mei dêryn ûnder oaren Tjeerd Jongsma, direkteur Food Agro Sustainable Circular Nature Technology (Fascinating) yn Grins, en mei in tal boeren. De gearkomste wurdt laat troch Jan Klink, programmalieder AgroAgenda Noord-Nederland.

Op tongersdei 21 novimber 2024 sil Frank Verhoeven, oprjochter en direkteur fan Boerenverstand Consultancy, prate oer tapassing fan managementynnovaasjes foar in takomstbestindige lânbou.

Op tongersdei 23 jannewaris 2025 is Jan Huitema de haadsprekker. Hy is greidboer, wie earder lid fan it Europarlemint, en hy keppelet de sintrale fraach oan de bydrage dy't te ferwachtsjen is fan de Nederlânske oerheid en fan de EU.

Op sneon 25 maart 2025 is Hans Huistra, CEO fan HZPC, útnûge en hy sil prate oer de wrâldwide itensfoarsjenning en wat der foar it Nederlânske bedriuwslibben oan ynnovaasjes nedich is om op dy ynternasjonale merk aktyf bliuwe te kinnen.

Oer it Lânboukundich Wurkferbân

It Lânboukundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret debatten en ekskurzjes mei in fokus op agronomyske saken fan hjoed-de-dei en fan eartiids. It doel fan dizze aktiviteiten is it dielen fan (wittenskiplike) kennis mei in breed publyk. It Lânboukundich Wurkferbân is oprjochte yn 1941 en wurket nau gear mei it Frysk Lânboumuseum yn Ljouwert.

Praktyske ynformaasje

De ynrin by it Frysk Lânboumuseum is om 19:00 oere, de oanfang is om 19:30 oere.
De tagongspriis is € 8,- (yntree fan it museum). Tagong is fergees foar minsken mei in Museumjaarkaart en foar stipers fan de Fryske Akademy en it Frysk Lânboumuseum. It is mooglik om op de jûn sels stiper te wurden.

Mear ynformaasje

- Lânboukundich Wurkferbân
- Fries Landbouwmuseum
- Fries Landbouwmuseum - ticketferkeap