Samling 'Skoalmasters yn Fryslân (1600-1950)' no folslein
Yn 2008 ferskynde op de webside fan de Fryske Akademy de gegevens oer de haden fan ‘e skoallen yn Fryslân tusken sirka 1600 en 1950, sammele troch ûnderwizer-histoarikus Hartman Sannes (1890-1956). Ferline jier hat der in oanfolling west en no binne alle troch Hartman Sannes sammele gegevens oer de skoalmasters yn Fryslân online beskikber.
It materiaal wie foar in part noch net earder publisearre: sa binne dokuminten tafoege oer de skoalmasters fan de stêden Harns, Hylpen en Ljouwert. Ek binne de gegevens fan it Bilt, Tytsjerksteradiel en Wûnseradiel tafoege.
De PDF-bestannen binne te finen op de Skoalmasterspagina.
Eigen kontekst
It doel fan it projekt wie om it materiaal op deselde wize wer te jaan as Sannes dat sels dien hat yn 'e regionale kranten; it wurdt yn prinsipe sûnder korreksjes of oanfollings útjûn. Op dizze wize bliuwe alle troch Sannes sammele gegevens ek yn harren eigen kontekst. Der is besocht om safolle mooglik de oarspronklike teksten fan Sannes oan te hâlden; útsoarte hat al in staveringsoanpassing plakfûn en is de tekst op guon plakken wat oanpast. Allinne yn dy gefallen dat Sannes in dúdlike flater makke hat, is dy (stilswijend) ferbettere troch Peter van der Meer.
Foar eventuele reaksjes, opmerkings, ferbetterings en oanfollings kinne jo kontakt opnimme mei ús ynformaasjespesjalist Peter van der Meer.