Skip to main content Skip to page footer

Direkteur-bestjoerder Nelleke IJssennagger-van der Pluijm en Sannah Debreczeni (foto: Marieke Balk)

Skripsjepriis 2022-2024 foar Sannah Debreczeni

De Fryske Akademy Skripsjepriis 2022-2024 is takend oan Sannah Debreczeni. In earfolle fermelding wie der foar Herman van Vliet.

De Fryske Akademy Skripsjepriis 2022-2024 is takend oan Sannah Debreczeni. Debreczeni hat har masterskripsje, Exploring the Link Between Attitudes and Intelligibility in the Frisian Context: Introducing the Theory of Planned Behaviour, foltôge foar de oplieding Research Master Language & Cognition oan de Ryksuniversiteit Grins op 28 juny 2022. De priis bestiet út in oarkonde en in bedrach fan €1000,-.

In earfolle fermelding is takend oan Herman van Vliet. Van Vliet hat syn masterskripsje, De eetcultuur aan het Friese stadhouderlijke hof in de eerste helft van de 18e eeuw, foltôge foar de oplieding MA Geschiedenis Vandaag oan de Ryksuniversiteit Grins op 26 novimber 2022.

De sjuery bestie dit jier út âldfrisist dr. Han Nijdam en de taalkundigen dr. Anne Merkuur en dr. Nika Stefan.