Sympoasium 'Watersnood 1825' op 12 april yn it Woudagemaal
Op sneon 12 april 2025 organisearret de Wurkgroep Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy, yn oparbeidzjen mei it Frysk Skipfeartmuseum en Tresoar, in sympoasium oer de 'fergetten' natuerramp fan 1825.
Lotte Jensen (Radboud Universiteit Nijmegen), auteur fan it bekroande boek Wij en het water is de haadsprekker. Koartere foardrachten wurde fersoarge troch Otto Knottnerus, Frits David Zeiler, Mark Raat en Jan-Dirk Wassenaar. Hja geane yn op 'e wettersneed yn it Nederlânske en Dútske Waadgebiet, de tsjinramp yn Fryslân en op eigentiidske tsjûgenissen en egodokuminten. Erik Betten hâldt in fraachpetear mei auteur Hylke Speerstra. Dykgraaf Luzette Kroon slút mei in eigentiidske beskôging it sympoasium ôf.
It sympoasium fynt plak yn it Ir. D.F. Woudagemaal op De Lemmer. De gearkomste is ien fan de aktiviteiten dy’t organisearre wurdt yn it ramt fan it betinken fan de oerstreaming fan 1825, in inisjatyf fan de wurkgroep ‘De Vergeten Watersnood van 1825’.
De yntree bedraacht €25,- (ynkl. lunch en eventueel in rûnlieiding) per persoan. Jo kinne online, fia ús ticketshop, kaarten keapje. Wy hearre graach yn 't foar oft jo ek meigean wolle mei de rûnlieding.
It folsleine programma kinne jo neilêze op de webpagina fan Sympoasium 'Watersnood 1825'.