Skip to main content

Fakatuere: Meiwurker citizen science en kennisbenutting

Foto: Michel Montsma

Sjochsto kânsen om ûndersyk op it mêd fan taal, kultuer, skiednis en identiteit fan Fryslân mooglik te meitsjen en op in strategyske wize út te dragen nei en mei de mienskip? En wurkesto graach gear mei elkenien binnen en bûten de Fryske Akademy oan de ferhalen fan Fryslân? Dan is de funksje Meiwurker citizen science en wittenskipsfalorisaasje wat foar dy. As Meiwurker citizen science en kennisbenutting hâldsto de belangen fan de leden, stipers en de maatskiplike wurkferbannen/-groepen yn it each, mar ek fan oare gearwurkingspartners fan de Fryske Akademy. 

Hasto in WO-oplieding dien en wurkûnderfining op it mêd fan kennisbenutting yn in wittenskiplike omjouwing? Miskien bisto dan wol de nije kollega dy't wy sykje! 

Mear lêze en gading meitsje

  • Nei de folsleine fakatueretekst: Frysk | Nederlânsk
  • Reagearje op dizze fakatuere kin oant moandei 19 febrewaris oankommend.