Skip to main content

Fakatuere! Mercator is op syk nei in Undersyksmeiwurker (0,8 fte)

Hasto in HBÛ- of universitêre oplieding op it mêd fan taal, meartaligens en/ of ûnderwiis en fynst it in útdaging om yn teamferbân te wurkjen oan regionale én ynternasjonale projekten? Hasto goede redaksjonele feardigens? Miskien wurdsto dan wol ús nije kollega!

 

Fakatuere

Foar it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, sykje wy in: 

Undersyksmeiwurker (0,8 fte / 30,4 oeren p/w of mear) - slutingsdatum: 9 oktober 2023.

 

Taken

De taken binne, ûnder oare:

- meiwurkje oan nije en besteande projekten, bygelyks op it mêd fan taalbewustwêzen fan bern;

- meiwurkje oan besteande aktiviteiten, bygelyks foar de opbou fan in kennisbank op basis fan ûntwikkele produkten út projekten;  

- meiwurkje oan ûndersyk op it terrein fan meartaligens en taallearen (regionaal en ynternasjonaal);

- yn gearwurking mei ynternasjonale relaasjes Regionale Dossiers skriuwe en redigearje.

 

Liket dy dit wol wat? Lês dan hjir de folsleine fakatuere en reagearje foar 9 oktober 2023.