Skip to main content

Jiersympoasium Maritime Skiednis

Kolleksje Fries Scheepvaart Museum

De wurkgroep Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy organisearret in sympoasium oer ‘Friezen in de admiraliteiten van de Republiek in de Vroeg-Moderne Tijd’ op sneontemiddei 3 febrewaris, fan 14.00-17.00 oere yn it Fries Scheepvaart Museum te Snits. Yn fiif lêzingen wurdt it tema neier útwurke.

Djipgeand bestudearre
Yn 1597 ûnstie der yn de jonge Republyk in apart admiraliteitskantoar foar Fryslân-Grinslân yn Dokkum, dat letter oerpleatst waard nei Harns. Hoewol’t it argyf fan de Fryske admiraliteit troch in brân yn 1771 goeddiels ferlern gie, is de Fryske Admiraliteit as organisaasje en ynstitúsje djipgeand bestudearre. Oars leit dit foar de belutsenens fan Friezen yn en by de Admiraliteiten in de Nederlanden en yn it bûtenlân. Om dy reden kiest de Wurkgroep Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy foar syn 12de sympoasium de ynfhalshoeke fan Friezen en harren maritime loopbanen yn tsjinst fan de gewestlike admiraliteiten fan de Republyk. Yn de lêzingen sille de sprekkers harren ljocht skine litte oer tema’s dy’t ferbân hâlde mei de loopbanen fan sawol oant no ta amper bekende Fryske befelhawwers as bemannings yn binnen- en bûtenlân, behelle by seeslaggen, kapingen yn oarlochstiid fan keapfarders oant konvoaien, en mei keunsthistoaryske en materiële aspekten fan de Fryske Admiraliteit.

Fiif lêzingen
De sprekkers dy’t foar it buordsje komme binne: Hugo ter Avest (Hannemahuis Harlingen) oer De materiële restanten van de Admiraliteit in Friesland; Anna Verhoog (Universiteit Leiden): Neerlands hoop in bange dagen: de vergeten Friese kapitein Adriaan de Roock; Nykle Dijkstra (Histoarysk Sintrum Ljouwert) & Hans Zijlstra (SneuperDokkum) Jeppe Nittes uit Dokkum en de vlag van de Zilvervloot; Peter Swart (Westfries Archief Hoorn) Friese matrozen op het oorlogsschip Huis te Warmelo en Hanno Brand (Fryske Akademy) Friese koopvaarders in het gekaapte eskader van Van Bylandt in de aanloop tot de 4de Engelse Oorlog.

Oanmelde
De kosten foar it sympoasium bedrage € 17,50, dit is ynklusyf in besite oan Fries Scheepvaart Museum en hapke en drankje nei ôfrin.
Foar leden/stipers fan de Fryske Akademy of lju dy’t in Museumkaart hawwe, binne de kosten € 15,00. Oanmelde kin fia it Fries Scheepvaart Museum.