Skip to main content

Nij online platfoarm foar Fryske taal- en letterkunde: Frisistyk.nl

De Fryske Akademy en de redaksje fan Neerlandistiek.nl kundigje de lansearring oan fan Frisistyk.nl, in nij online tydskrift wijd oan Fryske taal- en letterkunde. It wurdt in útwreiding fan it suksesfolle Neerlandistiek.nl, in website dy't it midden hâldt tusken in wittenskiplik tydskrift en in kenniswebsite foar in lekepublyk. Frisistyk.nl giet op 6 oktober live en sil njonken algemiene stikken oer Fryske taalkunde, skiednis en letterkunde ek romte biede oan ûnderwerpen lykas Frysk yn it ûnderwiis en Frysk taalbelied en oan de taal- en letterkunde fan de oare Fryske talen lykas it Noardfrysk en Sealterfrysk.

 

Grut berik

De ôfrûne jierren ferskynden al regelmjittich stikken oer it Frysk of Fryslân op Neerlandistiek.nl, skreaun troch ûndersikers en saakkundigen út it Fryske fjild. No kin elkenien dêr al in antwurd fine op fragen lykas wat Crusader Kings III te krijen hat mei de skiednis fan Fryslân, oft Fryske bern ek in Gooise R yn harren Nederlânsk brûke, en hoe’t it Nederlânsk it Frysk beynfloedet.

It is net ferwûnderlik dat frisisten graach harren kennis diele fia dit platfoarm, want mei sa’n 10.000 unike besikers per dei en 3.500 folgers op Facebook en hast 8.000 op X (earder: Twitter) hat dit online tydskrift in grut berik yn Nederlân en spilet it in ferbinende rol yn it fjild fan de taal- en letterkunde.

 

Eigen poadium

Om de Fryske taal- en letterkunde in promininter eigen plak te jaan op de website wurdt ûnder de paraplu fan Neerlandistiek.nl in aparte website Frisistyk.nl opset, dy't fersoarge wurde sil troch de Fryske Akademy en bydragen ferwolkommet fan elkenien dy't him mei de frisistyk dwaande hâldt.

Anne Merkuur, taalkundich ûndersiker by de Fryske Akademy, fynt it wichtich dat de frisistyk dit poadium krijt: “Binnen en bûten Fryslân wurdt der safolle ûndersyk dien nei it Frysk. Dat moatte we net allinnich binnen it eigen fakgebiet fia de wittenskiplike, ynternasjonale kanalen presintearje, mar ek krekt op lokale en nasjonale skaal. In tagonklik en leechdrompelich poadium lykas Frisistyk.nl biedt romte foar de ferwûnderingen en iepen einen fan ús fak en kin ús ûnderling ferbine. It is in manier om ús wurk te presintearjen oaninoar, oan de nije generaasje ûndersikers en oan in breder publyk.”


Lansearring

Op freedtemiddei 6 oktober, fan 15:00 oere ôf, wurdt de website Frisistyk.nl feestlik lansearre yn Café Neushoorn yn Ljouwert. Marc van Oostendorp (heechlearaar Radboud Universiteit Nijmegen, ûndersiker Meertens Instituut en haadredakteur van Neerlandistiek.nl) en Anne Merkuur (taalkundich ûndersiker Fryske Akademy en assistint-professor Ryksuniversiteit Grins) sille dan in taljochting jaan op harren fierdere plannen. Elkenien is wolkom, tagong is fergees. Opjaan kin fia dit online formulier.

 

Online