Skip to main content

Sinteklaasgedichtewedstriid

Skriuwsto it moaiste Fryske sinteklaasgedicht? 

De Fryske Akademy en de Provinsje Fryslân organisearje in gedichtewedstriid foar jong en âld mei prizen yn ferskate leeftiidskategoryen. 

Frysker.nl 
Fertrousto dy net mei it Frysk? By it skriuwen fan dyn gedicht kinst gebrûk meitsje fan frysker.nl. It nije online taalhelpmiddel fan de Fryske Akademy. 

Stjoer dyn gedicht foar 1 desimber nei frysker@fryske-akademy.nl  
Fermeld derby dyn namme, adres, e-mail, telefoannûmer, leeftiid en evt. skoalle. 

De ynstjoeringen wurde beoardield troch in deskundige sjuery. Der binne leuke prizen te winnen. De priiswinners wurde bekend makke op 4 desimber. 

Dielnimmers stimme dermei yn dat harren gedicht publisearre wurde kin.