Database 'Memorabilia' fan Hessel de Walle oerdroegen oan Fryske Akademy
Undersyk nei funerêre kultuer
De Walle is lid is lid fan de Grêfskriftekommisje fan de Fryske Akademy en hat 25 jier wurke oan de database. Hy waard dêrby stipe troch oare frijwilligers, sneupers en (boarger)wittenskippers. De database omfettet sa'n 11.000 objekten fan foar 1811.
De oerdracht fan de database is ûnderdiel fan in bredere ûndersyksline nei de funerêre kultuer fan Fryslân troch Tamara Dijkstra, funerêr ekspert by de Fryske Akademy. It sil in ferfolch krije yn gearwurking mei De Walle en de oare leden fan de Grêfskriftekommisje.