Skip to main content Skip to page footer

Dijkstra, dr. J.E. (Jelske)

Spesjalismen

Bernetaalûntjouwing, meartaligens, spraaktechnology, fonetyk.

 

Biografy 

Jelske Dijkstra (Ljouwert, 1979) hat logopedy studearre oan de Hanzehogeschool Groningen en algemiene taalwittenskippen mei in spesjalisaasje yn spraaktechnology en spraakkommunikaasje oan de Universiteit van Amsterdam. Dêrnei wurke se as wittenskiplik ûndersiker oan it Fryske logopedyske taalynstrumint F-TARSP by de Fryske Akademy.

Yn 2008 begûn se har promoasje-ûndersyk nei de twatalige (Frysk-Nederlânsk) taalûntwikkeling fan pjutten yn Fryslân by de Fryske Akademy en de Universiteit van Amsterdam, om hjir yn 2013 op te promovearjen te Frjentsjer. Dêrnei wurke se as HBO-dosint by de oplieding logopedy oan de Windesheim Hogeschool te Zwolle en as universitêr dosint by de oplieding Europeeske talen en kultueren oan de Rijksuniversiteit Groningen.

Dijkstra wurket op it stuit as projektlieder fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy.