Skip to main content Skip to page footer

Dijkstra, dr. T.M. (Tamara)

Spesjalismen

Grafkultuer, funêr erfguod en epigrafy

Biografy

Tamara Dijkstra (1985, Ljouwert) studearre Grykske en Latynske Taal en Kultuer (BA 2007, MA 2010 cum laude) en Archeologie (BA 2009 cum laude, MA 2012 cum laude) oan de Ryksuniversiteit Grins en promovearre yn 2019 oan deselde universiteit op in proefskrift oer grêfkultuer en identiteit yn de Gryksk-Romeinske Aldheid (From Polis to Colonia: Death, Burial and Society in Hellenistic and Roman Patras). 

Tusken 2019 en 2022 wurke se dêr as dosint by de fakgroepen Alde Skiednis en Archeology, en fan 2022 oant no ta is se postdoktoraal ûndersiker binnen it MARE-projekt en hâldt sy har dwaande mei de funerêre epigrafy fan Romeins Pisidië (Embodied Epitaphs). Dêrneist is se sûnt 2008 ferbûn oan it Halos Archaeological Project yn Thessalië, dêr't se ûndersyk yn docht nei Hellenistyske huzen en húshâldens. Oan de Fryske Akademy ûndersiket sy de grêfkultuer en it funerêr erfgoed fan Fryslân en is se Programmakoördinator Digital Humanities.