Skip to main content Skip to page footer

Dyk, dr. S. (Siebren)

Spesjalismen

Fryske taalkunde

 

Biografy

Siebren Dyk (It Hearrenfean, 1953) studearre Nederlânsk yn Grins en Frysk oan de VU te Amsterdam. Hy wurke fan 1981 oant syn pinsjoen yn 2019 oan 'e Fryske Akademy as leksikograaf / taalkundige. 

Dyk promovearre yn 1997 op Noun Incorporation in Frisian. Hy wurke mei oan it Wurdboek fan 'e Fryske Taal (WFT) en wurdboeken fan 'e  dialekten fan Skiermûntseach (2002), Amelân (2016) en Hylpen (2019) en wie ferantwurdlik foar de Fryske morfology yn it Taalportaal. Dyk is redakteur fan it tydskrift foar frisistyk Us Wurk.