Skip to main content Skip to page footer

Langen, prof. dr. G.J. (Gilles) de

Spesjalismen

Terpenarcheology, midsiuwske archeology, delsettingsskiednis, archeologyske monumintesoarch.

 

Biografy

Gilles de Langen (Grins, 1959) studearre nije skiednis en prehistoary oan 'e Ryksuniversiteit Grins, dêr't er yn 1992 ek promovearre. Sûnt 1998 is er provinsjaal archeolooch fan 'e provinsje Fryslân. Mei yngong fan 2011 is er ek wurksum as bysûnder heechlearaar Archeology fan it Noard-Nederlânske terpe- en wierdelânskip en as sadanich ferbûn oan it Grinzer Ynstitút foar Archeology (GIA). Sûnt 2015 wurket De Langen by de Fryske Akademy as ûndersiker midsiuwske archeology.