Skip to main content Skip to page footer

Reitsma, O. (Odille) MA

Spesjalismen

Moderne en hjoeddeiske Ingelsktalige literatuer, literêre analyze, krityske teory
 

Biografy

Odille Reitsma studearre Ingelske Taal en Kultuer (BA) oan de Ryksuniversiteit Grins, mei in minor Sjoernalistyk, en folge in útwikseling oan University College Cork yn Ierlân. Tidens har bachelor spesjalisearre se har yn moderne literatuer, mei dêrneist fakken oer midsiuwske literatuer en taalkunde. 

Yn 2025 behelle sy de master Literature Today (MA) oan de Universiteit Utrecht, mei in spesjalisaasje yn hjoeddeiske Ingelsktalige literatuer, en rûn sy staazje by Loft Books (Ambo|Anthos), dêr't sy wurksum wie op de redaksje en marketing/PR.

Sûnt 2026 is Reitsma ûndersyksmeiwurker foar it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen fan de Fryske Akademy.