Smalen, dr. de E. (Eveline)
Spesjalismen
Literatuerwittenskippen, environmental humanities, erfgoedstúdzje
Biografy
Eveline de Smalen (1992, Vlaardingen) hat in eftergrûn yn Ingelske en ferlykjende literatuerwittenskippen en promovearre yn 2019 by it Rachel Carson Center for Environment and Society oan de LMU München yn Dútslân. Dêrnei wurke se as postdoktoraal ûndersiker oan in projekt oer literatuer en de Waadsee, en as kurator by it WEC yn Lauwerseach. Dêrneist is se mei-oprjochter fan it Environmental Humanities Network by de Ryksuniversiteit Grins. Op dit stuit wurket se as postdoktoraal ûndersiker by NL-Lab binnen it Humanities Cluster fan de KNAW oan it projekt “Een neus voor erfgoed”. Yn it ramt fan dit projekt is se gastûndersiker by de Fryske Akademy. Fierder wurket se ek as freelance ûndersiker.