
De verwaarlozing van het Fries
Prof. dr. Hans Van de Velde hat op woansdeitemiddei 4 maart 2020 syn oraasje holden yn de Aula fan de Universiteit Utrecht. Hjirmei hat er syn amt oanfurdige as heechlearaar 'Sosjolinguïstyk, mei bysûnder omtinken foar de taalfariëteiten yn Fryslân’. De titel fan de oraasje wie: 'It fertutearjen fan it Frysk (De verwaarlozing van het Fries).
Van de Velde is by it beslút fan it kolleezje fan bestjoer mei yngong fan 1 april 2019 beneamd ta heechlearaar fan de fakulteit Geesteswetenschappen oan de Universiteit Utrecht.
Oraasje yn boekjefoarm
De oraasje is bewurke ta publikaasje, dy is hjir del te laden. Wa't graach in papieren útjefte hawwe wol, kin dat hjir bestelle.
Oraasjetekst en Powerpointpresintaasje
Wa't de tekst fan de útsprutsen oraasje (nochris) neilêze wol, kin dy hjir dellade (pdf). De bybehearrende Powerpointpresintaasje (pdf) is hjir te finen.
- Download de útnûging fan de oraasje (pdf)
- Meiwurkersside Hans Van de Velde (Fryske Akademy)