Projektsympoasium
Tongersdei 10 desimber 2026
Projektsympoasium 'De Fryske taalfamylje byinoar bringe: werom- en foarútsjen'
Yn 'e hjerst fan 2025 binne de Fryske Akademy, it Nordfriisk Instituut en it Seeltersk-Kontoor begûn mei in mienskiplik ûndersyksprojekt nei de Fryske talen. It wie it earste taalkundige ûndersyksprojekt dêr’t de trije Fryske taalgebieten byinoar brocht waarden: Noardfrysk, Sealterfrysk en Westerlauwersk Frysk.
No’t it pilotprojekt hast klear is, wolle wy graach diele wat wy leard hawwe en mei-inoar ferkenne hokker mooglikheden der binne foar takomstich ‘pan-Frysk’ ûndersyk. Elkenien mei belangstelling foar de Fryske talen is fan herte wolkom. Neist presintaasjes fan it projektteam sil der genôch gelegenheid wêze om kollega’s te moetsjen en ideeën út te wikseljen. Middeis wurde de dielnimmers útnûge om mei te tinken oer de takomst fan ûndersyk nei de Fryske talen.
Datum: Tongersdei 10 desimber 2026
Lokaasje: Fryske Akademy
Programma
09:30 – 10:15 Registraasje en kofje
10:15 – 10:30 Wolkom
10:30 – 11:30 Fenna Bergsma, Anne Merkuur, Suzanne Dekker, Eric Hoekstra, Wilbert Heeringa, Lena Terhart, Thede Thießen, Henk Wolf, Veronika Pugge: Morphosyntactic Variation, Language Contact and Speaker Attitudes
11:30 – 13:00 Lunch (Fryske Akademy)
13:00 – 13:30 Mireille de Muijck: The Role of Aspect in Infinitival Selection
13:30 – 14:00 Louw Biesma: The and + INF Construction across the Frisian Languages
14:00 – 14:30 Eric Hoekstra & Kerrin Tadsen: On Shrinking Minorities: With Special Reference to North Frisian and South Jutish
14:30 – 15:00 Kofjeskoft
15:00 – 16:00 Diskusje: Takomstich ûndersyk nei de Fryske taalfamylje
16:00 – 16:20 Weromkeppeling fan de diskusje en konklúzjes
16:20 – 16:30 Ofsluting
Oanmeldformulier
Oanmelde foar it projektsympoasium op tongersdei 10 desimber kin fia it formulier hjirûnder.
Wol it formulier hjirûnder net goed lade? Gean dan nei dizze link.
* Let op: oanmelde foar de Dei fan de Fryske Taalkunde op freed 11 desimber moat fia in oar formulier.