Skip to main content
    Datum, tiid en plak
    Freed 29 maart 2019, 10.30-16.00 oere. Plak: Fryske Akademy (seal Sânwâlden)
    Tagong en opjefte
    Meidwaan oan it sympoasium is fergees. Graach yn it foar – foar 25 maart – opjaan fia baly@fryske-akademy.nl (y.f.m. sealkapasiteit en lunsjfoarsjenning)

      

    It Grinzer Akademygebou mei de Fryske flagge doe’t Teake Binnert Hoekema as earste, op 4 desimber 1951, it doktoraal Frysk krige (byld: Frans Popken).

    De takomst fan de frisistyk yn Nederlân: in sympoasium

    It liket net goed te gean mei de frisistyk yn Nederlân. Dy fêststelling foarmet de oanlieding ta it organisearjen fan in kongres oer de takomst fan de frisistyk.

    Wa’t de frisistyk – de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal- en letterkunde – fan no oersjocht en ferliket mei de tastân fan sa’n fjirtich, fyftich jier lyn, sil sjen dat er gâns feroare is. Der wiene doe heechlearen foar it Frysk oan de universiteiten fan Grins, Amsterdam (sawol VU as UvA), Utert en Leien. Foar ûndersyk wie boppedat de Fryske Akademy wichtich.

    Mar op dit stuit binne der gjin bysûndere heechleararen Frysk mear en is de frisistyk oan de RUG en UvA ûnderbrocht yn bredere programma’s. It resultaat is dat de universitêre frisistyk yn Nederlân net allinnich sterk ynkrompen is, mar ek dat der in opfolgingsprobleem ûntstien is. By de Fryske Akademy is ûndertusken it aksint ferskood nei skiednis en sosjolingwistyk. Der binne gjin jonge frisisten mear mei in fêste oanstelling op dat ynstitút.

    It tal faktydskriften is lytser wurden en it útwikseljen fan ideeën en oparbeidzjen yn projekten tusken Amsterdam, Grins, Ljouwert en Leien mei gjin namme ha. De útwikseling fan dosinten en studinten tusken Grins en Kiel is stilfallen.

    Om koart te kriemen, it liket net al te goed te gean mei de frisistyk yn Nederlân. Dy fêststelling foarmet de oanlieding ta it organisearjen fan in kongres oer de takomst fan de frisistyk. Libbet de frisistyk noch of is dy dissipline in ûnbrûkber wurden erfstik út in noch net sa fier ferline? Is der wol plak foar sa’n lyts fak, no’t opliedingen hieltiid mear studinten hawwe moatte om oerlibje te kinnen? En is der (noch) genôch politike wil om de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal te stypjen?

    Trije heechleararen frisistyk, universitêre dosinten en minsken út it fjild sille foar it buordsje. De dei wurdt ôfsletten mei in rûnetafelpetear tusken Geart de Vries (HSL) en in ferskaat fan eksperts waans miening fan grut belang is, lykas beliedsamtners fan de provinsje Fryslân, fertsjinwurdigers fan de Frysktalige mienskip, HBO-dosinten en in taalkundige fan it Meertens Instituut.

     

    Programma

     

    Deifoarsitter: Rolf Bremmer

    10.00

    Ynrin: kofje/tee yn de kantine

    10.30

    Wolkom troch Rolf Bremmer (foarsitter Stifting Freonen FYRUG)

    Koarte bydragen fan:

    Henk Meijering (emeritus Vrije Universiteit)
    Siebren Dyk (taalkundige Fryske Akademy)
    Jarich Hoekstra (heechlearaar Frysk, Universiteit Kiel)
    Goffe Jensma (heechlearaar Frysk, Ryksuniversiteit Grins)
    Arjen Versloot (heechlearaar Skandynavyske, Dútske en Fryske taalkunde, Universiteit fan Amsterdam)

    12.30

    Lunsjskoft yn de kantine

    13.30

    Anne Tj. Popkema (RUG) oer it Aldfrysk

    Anne Merkuur (UvA/Fryske Akademy) oer taalkunde

    Ernst Bruinsma (Afûk) oer literatuer

    14.45

    Teeskoft

    15.00

    Rûnetafelpetear ûnder lieding fan Geart de Vries (HSL) mei:

    Harmen Akerboom (Provinsje Fryslân)
    Henk Wolf (NHL Stenden Hogeschool/hbû)
    Hanny Elzinga (DINGtiid)
    Ton van der Wouden (Meertens Instituut/neerlandistiek)

    16.00

    Buorrel yn de kantine (oant 17.00 oere)

    It sympoasium wurdt organisearre troch de Stifting Freonen fan it Frysk Ynstitút oan de Ryksuniversiteit te Grins (SFFYRUG) yn gearwurking mei de Fryske Akademy.