Skip to main content
Skoalbern op 'e trijetalige Otto Clantskoalle yn Boksum. Foto: Het Hoge Noorden

Meartaligens en taal learen

De Fryske Akademy ûndersiket maatskiplike en yndividuele aspekten fan meartaligens, yn it foarste plak ûnder taalminderheden. Dêrby is der bysûndere oandacht foar ûnderwiis en belied, en foar it oanlearen fan Frysk, Hollânsk en Ingelsk yn ’e provinsje Fryslân.

De twatalige provinsje Fryslân is de iennigste regio yn Nederlân dêr’t al hast in heale iuw struktureel en periodyk ûndersyk nei de posysje fan in minderheidstaal dien wurdt. Us stúdzjes nei de Fryske mienskip as meartalich laboratoarium, dêr't neist Hollânsk en Frysk ek streektalen praat wurde, binne sawol teoretysk as metodologysk fan grut belang foar it ûndersyk nei meartaligens yn Europa.

It Mercator European Research Centre on Multilingualism and Language Learning spilet in belangrike rol binnen dat tema. Dit sintrum, oprjochte yn 1987 troch de Europeeske Uny as ûnderdiel fan in ynternasjonaal akademysk netwurk, hat in kaairol by it ûndersyk en de ynventarisaasje en fersprieding fan ekspertize op it mêd fan taalminderheden en meartalich ûnderwiis.

Yn dit tema wurdt ek ûndersyk dien nei de effekten fan it meartalich ûnderwiis yn Fryslân op 'e talige en kognitive ûntjouwing fan bern. Dêrneist bout ús taalsosjologysk ûndersyk troch op in tradysje dy't de Fryske Akademy ynsette yn 'e sechstiger jierren mei it ûndersyk fan Lieuwe Pietersen nei lês- en praatgewoanten yn Fryslân. Ferbiningen binne der mei de tema’s Syngrony en diagrony yn taal en Taaldeskripsje en standerdisearring.

De maatskiplike situaasje en stúdzje fan it Frysk is relevant as kasus foar oare taalminderheden en der is dan ek in soad ynternasjonale gearwurking binnen dit tema.

 

 

Undersyksdoelen

De kommende jierren rjochtsje wy ús op:

  • Fersterkjen fan 'e gearwurking mei de besteande Fryske partners, lykas op it mêd fan 'e helberens en ymplemintaasje fan 'e trochgeande learline yn it ûnderwiis;
  • Fersterkjen fan 'e link tusken taalsosjologysk en taalkundich ûndersyk;
  • Utbouwen fan ûndersyk nei meartalige taalwinning en taalferwurking yn Fryslân;
  • Undersykjen fan taalkar en taalgebrûk yn nije sosjale media;
  • Fierder útbouwen fan 'e netwurkfunksje bûten Europa;
  • Utbouwen fan 'e ynternasjonale netwurken en gearwurking dêrbinnen;
  • Fersterkjen fan ús posysje yn diskusjes oer ynternasjonaal taalbelied oangeande taalminderheden.

 

 

Rinnende projekten

  • Promoasjetrajekt Treddetaalwinning troch betide en lette(re) twataligen (2012-2017), troch Mirjam Günther-van der Meij. Yn dit projekt wurdt sjoen nei de taalûntjouwing fan it Ingelsk as in tredde taal dy't tige relatearre is oan de earste en twadde taal, it Frysk en it Nederlânsk. It doel is út te finen oft de mjitte fan twataligens ynfloed hat op de treddetaalûntjouwing.
  • Promoasjetrajekt Taalbehâld en taalferlies yn it Frysk: in sosjolinguistysk profyl (2013-2017), troch Nika Stefan. De útkomst fan dit projekt moat mear ynsjoch jaan yn ûnderskate soarten Frysk dy’t hjoed-de-dei brûkt wurde en hoe't dy ferskate profilen ferbannen lizze mei sosjologyske, geografyske en demografyske fariaasje yn de maatskippij.