Nei de fal fan Napoaleon klattere de Nederlânske ekonomy stadichoan omheech út in djip gat. Yn Harns waard yn 1818 troch de Maatskippij ta Nut fan it Algemien de foarstap nommen ta it oprjochtsjen fan in seefeartskoalle dy’t stjoerlju opliede moast. Fan dy oplieding moat men jin oars noch gjin al te grutte foarstelling meitsje. It ûnderwiis waard yn ’e wintermoannen by de direkteur oan hûs jûn. It oanbegjin fan ’e skoalle wie dus lyts, mar it wie dochs it begjin fan in tiidrek fan twa iuwen seefeartûnderwiis yn Harns.
Yn dy twa iuwen hat de oplieding hichtepunten en djiptepunten hân en der bytiden hiel oars útsjoen. Guontiden wie it tal learlingen gefaarlik leech en like de ein fan ’e skoalle tichteby, mar it seefeartûnderwiis yn Harns bleau bestean.
Sûnt in pear desennia hat de oplieding de namme Maritieme Academie Harlingen. Dy Academie stiet yn 2018 wiidweidich stil by syn jubileum. Foar de histoaryske komponint is oparbeidzjen socht mei de Wurkgroep Maritime Skiednis fan ’e Fryske Akademy. Op it sympoasium ‘1818-2018: 200 jier seefeartûnderwiis yn Nederlân en Harns’ litte ûnderskate sprekkers harren ljocht skine oer de ûntjouwings op it mêd fan it seefeartûnderwiis yn Nederlân.
- 1818-2018: 200 jier seefeartûnderwiis yn Nederlân en Harns
- Wannear: sneon 26 maaie 2018
Wêr: Maritieme Academie Harlingen, Almenumerwei 1, 8861 KM Harns (foar it treinstasjon oer)
Download de útnûgingsflyer (pdf)
- Tagong en opjefte
It sympoasium is foar elkenien tagonklik. Opjaan en beteljen fia ynternet hat ús foarkar: opjefteformulier
Bywenjen fan it sympoasium kostet € 10,00. Dogge jo ek mei oan it buffet, dan betelje jo € 30,00.
Programma
12.30 | Untfangst mei kofje en tee |
13.00 | Wolkomstwurd troch Rob Leemans, foarsitter Wurkgroep Maritime Skiednis Iepenjen troch Peter Tolsma, deifoarsitter |
13.10 | De Maritieme Academie, presintaasje troch Arjen Mintjes, direkteur |
13.15 | De ontwikkeling van het zeevaartonderwijs in Nederland – Karel Davids, heechlearaar Ekonomyske en Sosjale Skiednis oan 'e Vrije Universiteit fan Amsterdam |
13.45 | Schatkamer der stuurlieden, een basis voor de kennis van de navigatie – Diederick Wildeman, konservator seefeartkunde en bibleteekkolleksjes Scheepvaartmuseum, Amsterdam |
14.15 | De invloed van navigatie-instrumenten op de ontwikkeling van het zeevaartonderwijs – Nicolàs de Hilster, ûndersiker fan navigaasje-ynstruminten út 'e 17de en 18de iuw |
14.45 | Skoft mei tee en kofje |
15.15 | De relatie tussen wiskunde en zeevaartonderwijs – Arjen Dijkstra, koördinator skoalbernakademy Rijksuniversiteit Groningen |
15.45 | Seefeartûnderwiis no en yn 'e takomst – Henny Krul, opliedingsmanager Maritiem Officier, Hogeschool van Amsterdam / direkteur Maritieme Academie Holland |
16.15 | Tweehonderd jaar maritiem onderwijs in Harlingen, er is een hoop veranderd! – Jur Leinenga, maritym histoarikus en auteur fan it tinkboek oer 200 jier seefeartûnderwiis yn Harns |
16.45 | Ofsluten troch Rob Leemans |
Nei ôfrin is der gelegenheid foar moeting en petear ûnder in buorrel mei oanslutend in buffet.
It sympoasium makket diel út fan it programma fan ’e reuny fan ’e Maritime Akademy. Under de buorrel en it buffet komme de meidoggers oan beide aktiviteiten byinoar.