Skip to main content

23-26 april 2018: 1st Conference on Frisian Humanities

De Fryske Akademy organisearret it earste Frysk Geasteswittenskiplik Kongres (Conference on Frisian Humanities), yn Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert, fan 23 o/m 26 april 2018, as ûnderdiel fan it projekt Lân fan taal fan Ljouwert-Fryslân 2018.

 

 

It kongres is in foarum foar wittenskiplik debat oer taal en kultuer yn de Fryske lannen, no en yn it ferline en yn ynternasjonaal perspektyf, mei it doel om te redendielen oer empiryske, metodologyske en teoretyske kwestjes.

It Frysk Geasteswittenskiplik Kongres bestiet út in rige fan fiif sympoasiums, dy't har rjochtsje op de folgjende ûnderwerpen:

Moandei 23 en tiisdei 24 april 2018

  • Taal en Taalkunde
  • Letterkunde
  • Midsiuwsk Fryslân

Woansdei 25 en tongersdei 26 april 2018

  • Meartaligens
  • Stedsskiednis

It Frysk Geasteswittenskiplik Kongres is de opfolger fan it Frysk Filologekongres.

 

 

Oprop foar lêzingen

De kongreskommisje nûget ynteressearren út om in lêzingfoarstel foar it kongres yn te tsjinjen. Yn septimber komt der mear ynformaasje oer it ynstjoeren fan lêzingfoarstel op ús website.

 

 

Ynskriuwjild kongres

By it ynskriuwjild foar it kongres is in middeisbrochje en kofje/tee yn it skoft ynbegrepen.

 

 

Gewoane priis

Studinten

1 dei

€ 80,00

€ 40,00

2 dagen

€ 80,00

€ 40,00

3 dagen

€ 160,00

€ 80,00

4 dagen

 

€ 160,00

€ 80,00

 

Wichtige data

  • 8 oktober 2017: uterlik lêzingfoarstellen yntsjinje
  • 15 novimber: berjocht fan akseptearjen
  • 23 oant en mei 26 april 2018: Frysk Geasteswittenskiplik Kongres yn Ljouwert

 

Kongreskommisje

  • drs. Cor van der Meer (foarsitter en sesje oer meartaligens)
  • prof. dr. Hans Cools (stedsskiednis)
  • dr. Eric Hoekstra (letterkunde)
  • dr. Han Nijdam (midsiuwsk Fryslân)
  • dr. Hans Van de Velde (taal en taalkunde)

 

Kontakt